Activity Foundation yn Snits wint € 2.500,- mei Grutte Klupaksje

july 1, 2018 16:26

Noch mear Fryske winners: Dam- en Skaakklup Jurjen Tolsma út Berltsum falt ek yn ’e prizen.

Activity Foundation út Snits hat € 2.500,- wûn troch mei te dwaan oan de Grutte Klupaksje, dy’t op 15 septimber 2018 úteinset. Activity Foundation kin it bedrach goed brûke foar ferskate sportive aktiviteiten.

Activity Foundation is tige bliid mei de priis (foto: Grote Clubactie)

Jildbedraggen ferparte
De Grutte Klupaksje ferlottet € 100.000,-  ûnder de ferienings dy’t yn 2018 dielnimme oan de aksje. Wêrom? Om’t de haadpriis út de lotterij (€ 100.000,-) ferline jier net kleemd is. By de saneamde Kickstart-aksje wurdt tsien wike lang alle wiken € 10.000,- weijûn, opdield yn ien kear € 2.500,- en 25 kear € 300,-. Ien fan de lokkige winners is Activity Foundation. Mar der wiene mear Fryske winners: Dam- en Skaakklup Jurjen Tolsma yn Berltsum wint ek in moai bedrach: mar leafst € 300,-.

Activity Foundation bliid ferrast
Activity Foundation is bliid ferrast mei de priis. “Dit hiene wy net ferwachte”, fertelt Paul Baidenmann, klupkoördinator fan de feriening. “Wy kinne it bedrach tige goed brûke. Wy sille it ynsette om jong en âld sporte te litten. Minsken yn beweging sette, dat is wêr’t wy foar stean. Mar fan 15 septimber ôf sille wy earst nóch mear ynkomsten generearje, troch lotten te ferkeapjen fan de Grutte Klupaksje.”

Meidwaan
Mear ynformaasje of meidwaan? Gean nei clubactie.nl/kickstart. Of benijd nei alle winners fan de sechde trekking? Klik hjir.

july 1, 2018 16:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.