Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel wolle mear mei-inoar gearwurkje

july 17, 2018 07:37

foto: gemeentehûs Achtkarspelen

Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel wreidzje harren gearwurking fierder út. Dêr wolle beide gemeenten in noch bettere tsjinstferliening foar de ynwenners mei berikke. Foar de útwreiding is in bestjoerlike fyzje opsteld mei as útgongspunt: ‘Samen tenzij’. Dat betsjut dat de gemeenten op safolle mooglik gebieten gearwurkje wolle, útsein wêr’t it net kin. Om de organisaasjes ta te rieden op de yntinsivere gearwurking, wurdt de organisaasjestruktuer oanpast. Beide gemeenterieden binne belutsen by dat proses. Foar de oanpassingen yn de organisaasje is de direksje yn petear mei de ûndernimmingsried.

Troch yntinsiver gear te wurkjen kinne beide gemeenten de mânske transysje yn it sosjaal domein better útfiere. Dêr komme belied en tsjinstferliening tichter yn byinoar. Op it mêd fan ferduorsumjen, ekonomyske saken, wenjen en ûnderwiis wolle Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel ek effisjinter gearwurkje. Op alle fronten is der mear omtinken foar in mienskiplike fyzje, ambysjes, prosedueren, systemen, kommunikaasje, kultuer en hâlden en dragen.

De amtlike organisaasjes fan beide gemeenten wurkje sûnt 2014 gear yn de wurkmaatskip 8KTD. Sy hawwe ien klantekontaktsintrum, arbeidzje al mei-inoar op yn it sosjaal domein en op it terrein fan gemeentlike belestingen. Juridyske, kommunikaasje, finansjele en HRM-taken waarden ek al mienskiplik oanpakt. Ein ferline jier is dy gearwurking evaluearre.

july 17, 2018 07:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.