Aant Mulder: simmerkollum

july 10, 2018 08:08

Kollum

Dit wurdt in wat oare kollum. Dêrom neam ik it mar in simmerkollum. Dochs past it ferhaal likegoed yn de rige ‘Gewoan Frysk’. Harkje mar, lês mar. Ik wol it ha oer de âldste pakesizzer. Dy is tsien jier en sit yn groep 7 fan basisskoalle De Archipel yn Almere. Dêr wennet er en dat betsjut dat er yn in net-Frysktalige omjouwing grut wurdt. De mem en de pake dogge wol alle war om him en de beide oare pakesizzers wat ‘Frysk minded’ te meitsjen. Dat slagget aardich! Likegoed hat er mear belangstelling foar bisten as foar Frysk.

Om eamelders sykje

Hy koe noch net iens rinne, doe’t er al plat op it liif op strjitte lei om mieren, eamelers sei pake, te bestudearjen. Dêr bleau it net by. Stienkrobben, spinnen en ingeltsjes yn syn en yn pake syn taal folgen. Sa ûntstie in twatalige bistewrâld om him hinne. Alle jierren waard dy bistewrâld grutter. Underweis fan Almere nei Balk en werom hiene we it oer hynders, kij en skiep, oer einen, jerken, hjerringsliners, oer markols en oare bisten. Beammen, planten en blommen diene fansels ek mei.

Likegoed hat benammen de bistewrâld syn omtinken. As er by ús útfanhûs is, wol er altyd mei in skepnet nei it wetter ta om wetterbistjes te sykjen. Wy ha sa tegearre hiel wat sleatten bylâns west mei de Wyldemerk as moaiste oarde. Pake en pakesizzer binne tagelyk hiel wat wizer wurden oer bloedsûgers, wetterkrobben en wetterjufferkes, oer salamanders, kikkerts en oare wetterbistjes. Dat er thús op de eigen keamer in akwarium hat, hoecht jin net te fernuverjen. Dat fan de heit yn de wenkeamer fynt er fansels nijsgjirriger as syn eigen. Se hiene katten. Dat fûn er prachtich, mar om allergyen koe dat net mear. No is der in hûn en dat liket goed te gean. Hy hat sa stadichoan ek yn aardich wat bistetunen west. Dêr heart Aquazoo yn Ljouwert by. Dêr komt er faak en folle, faker mei pake en beppe as mei heit en mem. Hy kriget der gjin genôch fan. Alle kearen as er by ús is, hat er it wol oer dy wetterbistetún en freget er oft we der net efkes hinne kinne. Dat dogge we dus gauris.

Om wetterbistjes sykje

Om’t se hjoed-de-dei al hieltyd earder witte moatte nei hokker skoalle oft se nei de basisskoalle wolle, wurdt dêr in protte oer praat. Mei de skoalle en oars wol mei heit en mem wurde besiten brocht oan skoallen foar fuortset ûnderwiis. Hy wol wat mei bisten, dat hiene we daliks wol begrepen. Om dêr no al in skoalle en in rjochting by út te sykjen, dat falt neat net ta. Faaks dat soks it oare jier ek noch wol kin. Likegoed, giene de petearen oer bistefersoarging, bistegenêskunde en bistewittenskippen. Ynienen wist er it. Hy sei, dat er wol direkteur fan in bistetún wurde woe. Tagelyk betocht er dat dat wol neat wurde soe, want dêr moatte jo ommers in protte jild foar ha. Alteast, dat tocht er. Heit en mem wisten dat byld aardich te nuansearjen. Dat no wit er in bytsje better hoe’t it sit.

De lêste kear yn Aquazoo ha we geniete fan it momint dat er tsjin twa bistefersoarchsters by de seeliuwen sei, dat er direkteur fan in bistetún wurde woe. Beide fersoarchsters spilen it spul prachtich mei. Se seine dat as hy direkteur fan in bistetún waard, dat sy dan wol graach foar him wurkje woene. In prachtich petearke! Dat wie likegoed it begjin noch mar. Sûnder der amper wat oer te sizzen, skreau er in brief, net in mailtsje mar in echtenien, oan de direkteur fan Aquazoo. Heit en mem mochten de brief krekt noch efkes lêze foar’t er him ferstjoerde. Hy skreau dat er graach witte woe wat in direkteur leare moat, witte moat, dwaan moat en dat frege er oan dy direkteur. De direkteur skreau in brief werom. Dat wie ek in echtenien! Hy waard nûge foar in besite oan Aquazoo. Hy koe wol in kear komme en dan mei de direkteur as in soarte fan assistent-direkteur meirinne. Dan koe er sjen wat it wurk ynhold en tagelyk syn fragen stelle. Hy moast mar skilje foar in ôfspraak. Dat wie net foar dôvemansearen sein. Hy skille daliks. Der waard ôfpraat dat er 4 july, de woansdeitemiddeis út skoalle wei om healwei twaen hinne delkomme soe. Pake hie der wol aardichheid oan. Dy seach tagelyk wol oankommen dat it noch net iens tafalle soe om út Almere wei yn Ljouwert te kommen. Heit en mem wurkje ommers beide. Dat hy bea daliks oan dat er dy middeis mei nocht en wille de sjauffeur fan de assistent-direkteur wêze woe. Sa barde it.

Hartekamp op Riis

De besite hat west. Dêr kin pake net folle oer fertelle. In sjauffeur docht ommers net mei oan sokke petearen. Dy heart ûnderwilens kofje te drinken of de auto te himmeljen. Dat hat er dien, kofjedrinke dus. Dat de besite in sukses wurden is, waard letter dy middeis wol dúdlik, doe’t we noch efkes tegearre troch de bistetún rûnen en op de weromreis fia ‘restaurant’ Balk nei Almere ta. In boppeslach! Dat sis ik mei in protte wurdearring foar de direkteur fan Aquazoo. Sa’n man hat it drok genôch en dan dochs sa posityf op sa’n brief yngean. Geweldich!

As we tegearre troch de bistetún rinne, binne we werom by it begjin. Wy binne werom yn de twatalige bistewrâld, dy’t mei mieren, eamelers dus, begûn. Wy sjogge beide de buordsjes: ijsberen en iisbearen, zeeleeuwen en seeliuwen, schildpadden en skyldpodden. Dêr stiet ek op ‘Witsto dat?’ It binne mar lytse dingen, mar dochs. Dy buordsjes passe likegoed prachtich by de twatalige plante- en bistewrâld fan ús allebeide.

De foto’s komme út it famylje-argyf fan Aant Mulder.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 7 july yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

july 10, 2018 08:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.