Aant Mulder: it unike Nijs

july 31, 2018 07:00

Kollum

Ik lies dat It Nijs it oare jier tsien jier bestiet en dat de grins fan fiifentweintich tûzen berjochten hjoed of moarn al helle wurdt. Dat lies ik op It Nijs fansels! Dat is in prestaasje fan komsa! Ik tink dat ik dat efkes útlizze moat. It Nijs is in digitale side foar nijs fan binnen en bûten Fryslân en dat nijs wurdt yn it Frysk online set. No binne websiden mei nijs net bysûnder. Hast alle kranten dy’t derta dogge ha wol in digitale edysje. Der binne lykwols daliks twa ferskillen dy’t opfalle. Dy oare siden, dat binne allegearre Hollânsktalige siden en der moat ornaris foar betelle wurde. Dat hat net elkenien altyd yn ’e gaten, mar dat jild is wol opnommen yn it abonnemintsjild.

Der binne mar in pear siden dy’t wol wat op dy fan It Nijs lykje en dat binne de siden fan Omrop Fryslân en FrieslandStyle. Dat binne siden dy’t allinne mar mei Frysk nijs komme en siden dy’t tagelyk ek yn it Frysk lêzen wurde kinne as men dat wol. Efkes op de flagge klikke! It binne beide siden dy’t organisaasjes efter har ha en dat betsjut dat se jild ha om sa’n side yn ’e loft te hâlden en dat se maklik oan advertinsjes komme kinne. It Nijs moat it dêrsûnder dwaan. De Ried fan de Fryske Beweging (RFFB), de organisaasje efter It Nijs, is net in organisaasje mei jild. It Nijs moat it ek sûnder abonneminten dwaan en dat betsjut dat der mar in bytsje jild ynkomt. Wat dat oanbelanget moat it Nijs it ha fan in dofke subsydzje en fan in pear advertinsjes.

It Nijs is dus dúdlik unyk. It is al hast tsien jier lang in digitale side mei opinystikken en nijs út Fryslân, de Benelúks en de rest fan ’e wrâld wei en dat allegearre yn it Frysk. It Nijs is ek unyk om’t it troch de jierren hinne makke wurdt troch in wikseljende groep fan frijwilligers. No soene guon fan ús wol wolle dat It Nijs troch wat mear minsken lêzen wurde soe as no it gefal is. Likegoed wurdt efter de skermen dúdlik dat der alle dagen wol in pear tûzen minsken binne dy’t efkes sjogge of wat langer op de side binne en hiele artikels lêze. Dat is de kearn, mar It Nijs kin ek fia Facebook en Twitter folge wurde. Dat dogge alles byinoar ek in pear tûzen minsken. Dy fiifentweintich tûzen artikels, dat binne mear as fyftich wyks, waarden en wurde dus net om ’e nocht skreaun. Nee, dy wurde lêzen!

Dat binne net allinne gewoane lêzers, dat binne ek redaksjes fan guon kranten, tydskriften en lokale omroppen. Dy sjogge gauris op de side en dogge dêr harren foardiel mei. Wat dat oanbelanget is Radio Spannenburch mei it programma Gewoan Frysk dêr in moai foarbyld fan. Likegoed seit it himsels dat ûnder sokke nuodlike finansjele en personiele omstannichheden wolris twivele wurdt. It is in protte wurk en dan wolle jo ek graach in protte lêzers ha. No dogge de oantallen der perfoarst ta, mar foar grutte advertearders binne dy dochs wer net grut genôch. Dat betsjut dat der noch hieltyd gjin jild is om in bytsje profesjonaliteit yn te skeakelen en dat soe eins wol moatte. Dat makket it fuortbestean wat wisser en dat jildt ek foar de kontinuïteit. Wat mear mei It Nijs oan ’e dyk timmerje slagget net rjocht, want dêr ha jo eins wer jild foar nedich. Sa bliuwt It Nijs spitigernôch wat yn eigen rûnten oan it rûntsjemeallen. No’t It Nijs hast syn jierdei hat, kin ik wol in pear moaie kadokes betinke. Mear subsydzje en benammen mear advertinsjes binne wolkom. Ik wit noch wol wat: alle lêzers wurde stiper fan de RFFB. Dat is ommers de útjouwer fan It Nijs. As alle lêzers ris fiif of tsien euro oermeitsje en as alle lêzers ris in nije lêzer/stiper oanbringe, dan komme der net allinne mear lêzers, mar dan krije advertearders grif ek mear belangstelling. Dat soe moai wêze.

Op de tablet

It soe ek moai wêze as it digitale It Nijs stipe krije soe fan in soarte fan krante of tydskrift. De formule fan sa’n tydskrift soe deselde wêze moatte as dy fan It Nijs. Foar dat tydskrift soe wat betelle wurde kinne, foar losse nûmers en fansels foar abonneminten. Dat nije tydkrift en It Nijs soene in papieren en digitale foarm fan datselde nijs mei opinystikken en nijs út Fryslân, de Benelúks en de rest fan ’e wrâld wei wêze moatte en dat allegearre yn it Frysk. Tagelyk soene de papieren en digitale ferzje net gelyk wêze, deagewoan omdat It Nijs der alle dagen is en om’t in tydskrift mar in pear kear jiers ferskine kin. Ik wit dat der op dit stuit wurke wurdt oan sa’n tydskrift. Yn novimber moat it rûnom te krijen wêze. Dat dogge frijwilligers, dy’t eins gjin jild ha foar sokke projekten, mar har der graach foar ynsette. It soe moaie wêze as de Provinsje it oare jier foar dat papieren en digitale projekt fan de Ried wat (mear) jild beskikber stelt. Dan bliuwt it likegoed frijwilligerswurk, faaks mei in lytse ûnkostefergoeding, mar tagelyk fielt dat as wurdearring foar al dat krewearjen.

Ik fyn dat It Nijs in moai tal lêzers hat. Ik ha ris in oersjoch sjoen dêr’t yn stie dat it meast lêzen artikel, sa’n sânentweintichhûndert (2700!) kear besjoen wie. De measte artikels wurde in pear hûndert kear besjoen en dan ha ’k it allinne oer It Nijs en net oer Facebook en Twitter. Dat is moai, mar mear soe fansels moaier wêze. Datselde jildt foar de frijwilligers. De frijwilligers fan no hâlde It Nijs kreas draaiende, mar in pear mear soene moai wêze. No, sa bin ik moai op tiid mei myn ferlanglistje. Noch efkes de koarte gearfetting: wat mear lêzers, der in pear sinten foar oer ha, wat mear advertinsjes en wat mear subsydzje. Dat giet net fansels. Dat moatte we mei-inoar dwaan!

Op de kompjûter

De yllustraasjes binne fan Aant Mulder

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 28 july yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

july 31, 2018 07:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. jangerben augustus 3, 17:55

    Nuver, ik hie hjir in opmerking oer pleatst en dy is samar ferdwûn,

  2. Redaksje augustus 4, 13:52

    Dy opmerking is net trochkaam, jangerben. Kinne jo dy nochris jaan?

  3. jangerben augustus 6, 18:32

    Goed stikje Aant en it is ek wol uniek om mei frijwilligers san side op te bouwen.Wat my wol opfalt is dat der net folle reaksjes fan lêzers komme. Koartlyn hie ik in ynstjoerd stikje skreaun yn it Nijs, hoe ‘t de NDC media mei it Frysk yn harren wyk en guon deiblêden omgiet. Allinne Fokke Wester redakteur fan de Woudklank ynterviuwt eltse wike immen yn it Frysk. De regel fan dy kranten is dat eltsenien it lêze kinne moat. Hjir hat nimme in reaksje op jûn, dus moatte je oannimme dat de measten it wol goed fine.Ik wit wol, je kinne NDC media net twinge, mar je soene wol aksje ûndernimme kinne.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.