Aant Mulder: FUEN wol yn petear

july 3, 2018 06:00

Kollum

De kongresgongers komme oan op stasjon Ljouwert

Wy moatte mei-inoar yn petear. Dy resolúsje fan it FUEN-kongres hat yndruk op my makke. Mar lit ik by it begjin begjinne. Fan woansdei 20 juny oant en mei snein 24 juny waard yn Ljouwert it 61ste jierkongres fan de FUEN holden. De FUEN, dat is de Federal Union of European Nationalities. Ik neam dat mar de Europeeske organisaasje foar minderheden en minderheidstalen. Sa’n njoggentich minderheden yn trijeëntritich lannen yn Europa binne oansletten by de FUEN. De Ried fan de Fryske Beweging heart dêr ek by en dat betsjut dat Fryslân dus meidocht. De Ried hie de FUEN fier yn ’t foar al nûge om yn 2018 it jierkongres yn Ljouwert te hâlden, om’t Ljouwert dan kulturele haadstêd fan Europa wêze soe. De Ried wie der dus moai op tiid by. Dat moast ek wol, om’t datsoarte fan kongressen ornaris al twa of trije jier yn ’t foar regele wurde. Sadwaande hat de FUEN sûnt de oprjochting yn 1949 no foar de tredde kear syn kongres yn Fryslân holden.

FUEN-president Loránt Vincze sprekt it kongres ta

It kongres wie yn it WestCord WTC Hotel. Dêr wiene keamers genôch foar de goed twahûndert gasten, dy út Fryslân wei net meirekkene. Der wie in seal grut genôch foar de FUEN Assemblee en genôch lytsere sealen foar de gearkomsten fan de ferskillende wurkgroepen. De woansdeis wie de dei fan oankommen en it mei-inoar yn ’e kunde kommen. De tongersdeis waarden de delegaasjes troch bestjoerders en politisy út hiele Europa wei bypraat oer gâns wat ûnderwerpen. It MSPI (Minority SafePack Initiative) wie dy deis it wichtichste ûnderwerp. Dy hantekenaksje hat yn Fryslân ek in protte omtinken hân. De FUEN woe mei dy aksje mear as in miljoen hantekeningen ophelje. Dat is slagge. Dat betsjut dat Europa no de plicht hat om de problematyk fan de minderheden op de wurklist te setten en dêroer te praten.

De freeds stie yn it teken fan Fryslân en it Frysk. In grut tal sprekkers prate de gearkomste by oer hoe’t de flage der yn Fryslân by stiet. Om de gedachten te bepalen: It kongres waard iepene troch de boargemaster fan Ljouwert, Ferd Crone, wylst deputearre Sietske Poepjes de freeds in iepeningswurd spruts. Fierder ha hast alle pommeranten op it mêd fan it Frysk en Fryslân wol oan it wurd west. Taspraken en lêzingen waarden ofwiksele mei muzyk en ekskurzjes. De freedtemiddeis waard in besite brocht oan Lân fan Taal (Tresoar, Obe, MeM); de sneontemiddeis wiene der stedskuiers.

Ik ha dat hiele kongres meimakke en ik ha my net in momint ferfeeld. Der barde fan alles. It waard my geandewei dúdlik dat de oansletten minderheden wol hiel ferskillend binne. Der binne hiele grutte by, lykas Kataloanen, mar ek hiele lytse lykas de Sorben en de Noard-Friezen. Tagelyk kinne de ferskillen oer wêr’t dy minderheden mei te krijen ha hast net grutter. Ik realisearje my ûnder de bedriuwen troch dat gâns wat minderheden in taal ha, dy’t yn in oar lân de gewoane taal is. Tink oan it Dútsk yn Denemarken en it Deensk yn Dútslân, om mar tichteby hûs te bliuwen. Dat binne situaasjes dy’t yn lannen yn it easten fan Europa noch folle mear foarkomme. Dat is hiel wat oars as wat wy wend binne. Wy as West-Friezen – sa wurde wy op dat kongres neamd – steane der wat dat oanbelanget allinne foar. As ik dat te praat bring, hear ik fan it bestean fan in wurkgroep dy’t him dêr spesjaal mei dwaande hâldt. Yn dy wurkgroep foar wat se ‘non kin-states’ neame, wurdt praat oer de problematiken fan minderheden dy’t net besibbe binne oan oare lannen en talen. Dat ik wit daliks by hokker wurkgroep ik de tongersdeitemiddeis oanskowe wol.

De non kin-states wurkgroep yn petear

It fernuveret my dat dy wurkgroep noch mar krekt bestiet. As ik it goed ha, ha se in kear yn Rome in gearkomste hân en prate se no yn Ljouwert foar de twadde kear. Ik moat wat oan dat Ingelske wurd ‘non kin-state’ wenne. It betsjut dus minderheden sûnder famylje en dat jout wol aardich oan wat bedoeld wurdt. No ha wy fansels wol de Noard-Friezen en de Sealterfriezen en dat soene we famylje neame kinne, mar it binne tagelyk trije hiel ferskillende taalsituaasjes. Der wurdt yn de gearkomste fan de wurkgroep net folle bepraat en dat hie ’k eins ek net ferwachte. Se prate wol ôf dat se yn novimber yn Berlin wer byinoar komme en dan oan de hân fan foarbylden yngeand mei-inoar yn petear wolle. Dat liket my eins wol wat ta. Dat oer de wurkgroepen.

De Assemblee op de sneon smyt net op wat der fan ferwachte waard, dêr bin ik wol wis fan. It wie it doel en pas it karbrief oan. Dat mislearre folslein. Minderheden kinne lid wurde as in grut part fan dy minderheid dat wol. It útstel wie om ‘in grut part’ te feroarjen yn ‘de mearderheid’ en dêr de kêsten op oan te passen. Dêr kaam dalje op. Fragen as ‘Wat is de mearderheid?’ en ‘Hoe moat dat fêststeld wurde?’ laten ta it ûnderbrekken fan de gearkomste en it ynlûken fan it útstel.

Yn in resolúsje stelt de FUEN dat wurke wurde moat oan ferdraggen tusken minderheids- en mearderheidsgroepen. Dat moat it mooglik meitsje om troch begryp oer en wer better omtinken foar de taal en de kultuer fan de minderheid te krijen. Dy resolúsje wurdt mei algemiene stimmen oannommen. As ik dat sjoch en hear, dan tink ik dat dêr in moaie opjefte foar ússels en foar de Ried fan de Fryske Beweging leit. It petear oangean mei oaren, mei net-Frysktaligen en net-Friezen, om sa begryp te krijen foar de eigen situaasje. Dat moat altyd wêze!

Foto’s © Aant Mulder

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 30 juny yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
july 3, 2018 06:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.