Aant Mulder: Frysk op Riis

july 17, 2018 09:00

Kollum

Ik soe it der net oer ha, mar ik kin it dochs net litte. Ik bedoel dat Frysktalige festival ‘Frysk op Riis’ yn de Teatertún fan Bart van der Wal, dat fan ’t jier alwer foar de tredde kear holden waard. De earste kear ha we mist. De twadde kear, ferline jier dus, wiene we derby en dêr ha ’k it doe oer hân. Dat wie wol in aardich festival. Wy ha doe fan in moai ferskaat oan muzyk geniete, mar net alle optredens krigen my doe likefolle yn ’e besnijing. Dêr kaam noch by dat it waar net echt meiwierre. It wie drûch en it hie deroan. Programma en waar sille makke ha dat it tal besikers doe net oerhold.

Dat is fan ’t jier hiel oars! It is moai sinneskyn waar. It programma sa’t dat op in kleurich affysje kundige wurdt, moat de leafhawwers fan Fryske muzyk wol oansprekke, dat kin net oars. Wy binne alteast gau út ’e ried. Wy sette derop ta. As we yn de Teatertún komme, sjogge we suver wat fernuvere om ús hinne. Der is net folle folk en dat wylst de tún al fan trije oere ôf iepen is. Om healwei fjouweren begjint it festival. Jan Nota en Band bite it spits ôf. Wy sitte noflik en harkje en we genietsje eins daliks. Hy hat moaie lieten. Geandewei betink dat it allegearre wol in hiele protte tekst is en dat net alle teksten elkenien oansprekke sille. Syn optreden foarmet in moai begjin fan it festival. As ik nei dat optreden om my hinne sjoch, fernuverje ik my opnij. De Teatertún is ûnderwilens moai fol rekke. Mei dit waar, mei dit programma en mei safolle folk moat dit wol in slagge barren wurde.

Jan Nota en Band

De artysten spylje en sjonge ôfwikseljend op twa poadiums, in lytsen en in grutten. Dat ha se moai regele. Wylst de iene groep optreedt, kin de oare groep alles klearsette. Dat wurket, want nei Jan Nota en Band op it grutte poadium kinne we daliks fierder genietsje fan Grytz en Grize yn fjouwermans formaasje op it lytse poadium. Dan is it festival goed los. Ik bin wol wat in ‘fan’ fan Grytz en Grize (foto op de thússide, red.). Ik fyn dat se moaie ferskes ha, ferskes dy’t goed yn it gehoar lizze, meisongen wurde kinne. Wa hat ommers net heard fan ‘Heit, mei ’k mei’, ‘Fersopen protter’ en ‘Sei Age’. Dat de hiele Teatertún ‘Sei Age’ meisjongt wie te ferwachtsjen. Sokke ferskes smeitsje nei mear. Nei dy optredens begjint it wikseljen wat mear tiid te freegjen. Ik hie ferwachte dat we daliks nei Frisicana harkje koene. Dat binne fansels Gurbe Douwstra, Piter Wilkens en Marcel Smit. Hawar, it lûd ôfstimmen freget wat tiid, net iens folle. Geandewei feroaret dat lykwols. Folgjende groepen ha hieltyd mear tiid nedich en tagelyk binne de resultaten hieltyd minder goed. Benammen Chris Kalsbeek en Band ha der letter op ’e jûn hiel wat mei te stellen. Tusken de ferskes troch wurde dêr fan it poadium ôf gauris opmerkingen oer makke. ‘Wat mear mikrofoan’, ‘Wat minder bas’ en mear fan datsoarte fan opmerkingen en ûnder de bedriuwen troch wurde ek faak maneuvels makke mei deselde bedoelingen. It wurdt mei humor dien en it publyk kin it wol ha.

Frisicana

Ik neamde Chris Kalsbeek al efkes. Dy rekket troch syn cd ‘Friersk’ sa stadichoan  aardich bekend. It binne Fryske lieten dy’t op it Iersk en it Keltysk basearre binne. Chris Kalsbeek en Band, dat binne fjouwer artysten dy’t mei in ferskaat oan ynstruminten op in suver te lyts poadium in fantastysk optreden delsette. Wat my oanbelanget hiene se in grutter poadium fertsjinne. Benammen it nûmer ‘Keningsbern’ wurd ik stil fan. Dat nûmer giet oer Ierske bern dy’t omkomme fan de honger. Foar Chris Kalsbeek en syn Band hiene Bauke van der Woude en ek de Feetwarmers noch spile. It Trio Bauke van der Woude mei Campbell Forbes en Daan Schaaf hat altyd moaie ferskes oer kleuren en ferskillen en dat wie diskear net oars. Syn repertoire is Frysk- en Hollânsktalich. De lietsjes ‘Sis my wêrom’t ik in Fries bin’ en ‘Fuort mei Bûtenlanners’ kin fansels hast elkenien. As ik dêr sa nei harkje en ik sjoch en hear hoe’t Campbell Forbes ‘Fluitekruid’ ynset mei de oprop oan de gemeentlike ynstânsjes ‘Laat het kruid nog even bloeien’, dan tink ik ynienen dat Campbell Forbes wol in grutter oanpart ha kinne soe. En dan De Feetwarmers fan Sint-Jabik! Dy binne net mear fuort te tinken as it om it Biltsk giet. Se komme mei prachtige nûmers. Wa ken ‘Rooie star’, ‘Maisy fan ’e Met’ of ‘Belkum’ net. Ik wol nimmen fan dy band tekoart dwaan, mar Leo van den Bergh as sjonger en as muzikant op in ferskaat oan ynstruminten is fansels wol in bysûnder talint. Hy krige de lakers op syn hân mei it neidwaan fan Jan de Vries, de wrâldferneamde motorkoereur fan Sint-Jabik op syn motor mei seis fersnellingen.

De Feetwarmers

It rint allegearre wat út. It wurdt kâlder en alles byinoar is it in hiele sit. Dat ferfeelt likegoed net in minút, mar dochs. As ik nei it optreden fan Chris Kalsbeek en syn Band om my hinne sjoch, dan steane der al gâns wat lege stuollen. Sa liket de ein wer op it begjin. Doe wiene der noch net folle minsken, no binne der wer net folle minsken. Dat fyn ik eins wol in bytsje spitich foar Jan Nota en Band dy’t it spits ôfbiet en foar Sytse Haima en Band, dy’t de hikkesluter is. Beide hiene mear publyk fertsjinne. Likegoed dogge we wat oaren al earder diene. Nei de earste nûmers fan Sytse Haima sette we ôf. De oare kear moatte we in trui of in jas meinimme, dat is wol dúdlik. Dat moatte we ûnthâlde, want dy oare kear komt der. Dêr is de organisaasje dúdlik oer en dat binne wy ek. As der it oare jier wer Frysk op Riis is, binne wy der wer by. Frysk op Riis hat syn plakje op de festivalkalinder fertsjinne. Mear as!

Foto’s: Aant Mulder

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 14 july yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
july 17, 2018 09:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben july 17, 16:55

    Myn frou en ik wiene ek dy sneintemiddeis yn Riis.Wy siten ûnder dy tinte en dat siet dêr noflik út de sinne.
    Mar wy ha der net sa lang sitten, want er wie in soad argewaasje.
    De tinte wêr; t je wat ite of drinke koene stie dêr efter en dy lju wiene op teefisite,En mar prate en latisje en so9kken betelje dêr € 15 foar om dêr komme te praten,
    Sa hiene je it lûd fan foaren muzyk en fan efter in pratery.Wy binne doe ferfard nei it lytse podium, Wat is tsjin foel wy de Ierse muzyk.Wy ha 5 x fekânsje holden yn Ierlân en oer it algemien is de Ierse muzyk melodieus mij langstme.Op it keningsbern nei wie it mear wat muzyk foar de jongerein. Mar dat wie ús miening.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*