Aant Mulder: drûch en hyt

july 24, 2018 07:00

Kollum

It is wer safier. Wy ha wer in drûge en hite simmer. Dat is al dúdlik, wylst de simmer eins noch mar krekt begûn is. Foar Peaske wie it kâld en wiet, mar dat binne we fergetten. Piet Paulusma kriget mei syn foarsizzingen gelyk. Begjin maaie hat er sein dat it in waarme simmer wurde soe. No, dat is dus wol dúdlik. It is drûch en waarm en it hat der alles fan dat we dêr de ein noch net fan ha. De lêste tiid wurdt gauris sein dat it ús eigen skuld is. It klimaat feroaret en dat dogge wysels. Wy fersmoargje wetter, lân en loft. Diskusjes geane oer plestiksop en de opwaarming fan de ierde troch CO2-útstjit en hoe’t we dêr wat oan dwaan kinne, oan dwaan moatte. It klimaatferdrach fan Parys is der net om ’e nocht. Dat jildt ek foar ús eigen klimaatakkoart. De sakjende grûn en de ôfbroazeljende bebouwing yn Grinslân is in oantrún om der mei faasje wurk fan te meitsjen.

Dat is allegearre wier, mar dochs binne klimaatferoaringen fan alle tiden. It moaiste foarbyld fyn ik de lytse iistiid daliks nei de midsiuwen. It wie doe graden kâlder as no. Wy ha dêr prachtich skildere winterske tafrielen oan oerholden. Dat we noch earder in waarmere perioade hân ha, it midsiuwsk klimaatoptimum, dat witte we eins net mear. Yn dy perioade hiene we te krijen mei dúdlik hegere temperatueren. As we minder fier yn de tiid weromgeane, sjogge we ek dat de ferskillen grut wêze kinne. Sneupend yn boeken en op ynternet kom ik drûge simmers tsjin en hite, of beide tagelyk. Dat is mei de winters krektsa. Der is net in winter gelyk. Der binne strange winters, mar likegoed iepen en skjinne winters, dus sûnder snie en iis. Wat de simmers oanbelanget kin ik sa in rychje jierren fan drûge simmers opneame. Dat binne bygelyks: 1921, 1959 en 1976. Dat wurde drûge simmers neamd om’t it benammen yn dy jierren yn de groeisume moannen drûch wie. As it om drûge en waarme simmers giet, kom ik út by 1911, 1976 en grif ek by 2018.

It jier 1976 dêr’t guon fan ús dit jier mei ferlykje, begûn likegoed hiel oars. Yn jannewaris waaide it in stoarm. Dêr is de toer fan de Sint Bonifatiustsjerke yn Ljouwert suver it symboal fan wurden. It boppeste stik fan de spits kaam nei ûnderen. It reinde yn dy moannen dat it wat die. De diken koene it mar amper hâlde. En doe kaam, nei in gewoane maitiid de drûchte. Sûnt 1901 hie it net earder sa drûch west. Fan earder binne der gjin sifers. Sa waard 1976 it jier fan de drûge sleatten en fearten, fan ferdrûge greiden en boulannen, fan skuorrende grûn en stowende moude. De plaatsjes dy’t ik doe makke ha, steane my noch op it netflues. Dat dit jier hieltyd mear op 1976 begjint te lykjen, soe dus samar wier wêze kinne. Ik tink oars ek gauris werom oan 1911. Dat is fansels nuver, want dat waarmste jier fan de hiele foarige iuw ha ’k net meimakke. De gleonhite en fierstente drûge moannen binne dan juny, july en augustus. De temperatuer komt wol boppe de 35 graden út! Soks hiene ús foarâlden net earder belibbe. Dat jiers waaide it ek in stoarm, mar dat wie doe ein septimber. Benammen yn Seelân gie it mâl om en ta. Skippen fergiene, bemanningsleden kamen om en de hiele fiskersfloat fan Brunisse rekke út de haven wei en fergie. Nee, ik ha dat net meimakke. Us heit en mem wiene skoalbern. Dy ha dat wolris ferteld, mar it measte is my bybleaun út de literatuer wei.

As it oer drûge en hite simmers giet en minsken begjinne oer 1976 dan komt by my 1911 dus ek boppe. Net om’t ús heit en mem der sa oer ferteld ha, dat ik dat net wer fergetten ha, mar om’t ien fan ús skriuwers, Douwe Hermans Kiestra, dat jier gauris yn syn ferhalen en romans weromkomme lit. Dy ferhalen en romans ha ’k lêzen. Dy ha yndruk makke. Dêr sil it grif fan komme. Douwe Hermans Kiestra is berne yn 1899 yn Poppenwier en yn 1979 yn Raerd ferstoarn. Hy skreau en dichte oer it boerelibben fan dy tiid. Ik tink dan yn it foarste plak oan syn ferhalen yn In skraach mei apels en De bêste simmer, dêr’t guon fan dy eardere ferhalen wer yn opnommen binne. Letter kaam er mei in dûbelroman Ien wike útbuorren, dy’t bestiet út de dielen De buorskip en De toartels. Dy dûbelroman spilet yn 1911 en dat is grif gjin tafal. Eins is dat by Kiestra altyd sa: it waar, it boerelibben, de tritiger jierren en de Lege Geaën binne skaaimerken fan syn naturalistysk oandwaand wurk.

Yn syn ferhaal ‘Swellepanne’ is er folslein dúdlik. Dêr stiet gewoan: “Wy skriuwe it jier 1911” en “It waard de min bekend steande simmer fan njoggentjinalve: drûchte en tongblier. Beide noch yn oantocht. It like de minste wurde te sillen yn Greolt syn hiele buorkjen.” De skriuwer sjoch dus al efkes foarút. En yn Ien wike útbuorren yn De buorskip: “It tek knapt op ’e skuorre fan ’e drûchte en it bûtenwetter is yn goed fjirtjin dagen 20 nije tomme sakke; Joege hat al wrotten de opfeart yn, mei de molkskou nei uzes ta, sei Hessel Eekma.” Op de flaptekst stiet dat it boek spilet yn de lêste wike fan maaie 1911, it jier dat bekend wurde soe fanwegen syn drûge simmer.

Drûge en hite simmers binne dus eins fan alle tiden. Dêr wol ik net mei sein ha dat we der dus neat oan feroarje kinne. Wy moatte alle war dwaan om de wrâld oan ús bern en bernsbern troch te jaan sa’t we dy krige ha. Dat betsjut dat we dêrom allinne al de eigen fersmoarging opkeare moatte, sa gau en sa goed as dat mooglik is.

De foto’s binne fan Aant Mulder

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 21 july yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
july 24, 2018 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sieger Klaas Dantuma july 25, 12:03

    Myn berjocht is dat it de minsken fjirsten te waarm is om zelfs mar nei te tinken

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.