Tredde filmprojeksje op de Aldehou

july 15, 2018 08:49

foto: stil One of Us

Op freed 27 july giet de tredde Lân fan taal-projeksje op de Aldehou yn premjêre. It is de poëtyske koarte film One of Us, makke troch sjongeres/dichter Nynke Laverman, filmmakker Douwe Dijkstra en komponist/slachwurker Sytze Pruiksma. Mei meiwurking fan Katalaansk dichter Eduard Escoffet, Flaamsk akteur Hendrik Aerts en Servysk-Nederlânsk dûnseres Dunja Jovic is it in ynternasjonale en meartalige produksje mei gâns ûnthjit

Prate wy de taal fan de natuer noch? Of hawwe wy ús ûnderwilens safier weromlutsen yn ús minskewrâld dat wy dy net mear fersteane? Dy fraach, dy’t ek al de kearn foarme fan Nynke Lavermans lêste foarstelling Wachter, is it útgongspunt fan de film. Yn One of Us is in jonge frou dy’t op it each alles hat – in libben yn ’e grutte stêd mei in goede baan en in leave man – net lokkich. Se fielt har hieltyd minder thús yn de wrâld fan minsken en muorren. Se dreamt fan in bestean as plant, dêr’t se op in goede dei ek werklik yn feroaret. Nynke Laverman skreau it skript, in surrealistysk ferhaal besteande út fiif ‘spoken word’- stikken yn it Frysk; in nije stap yn har wurk. Se frege de dichter Eduard Escoffet út Barcelona om dêr yn syn memmetaal, it Katalaansk, op te reagearjen. Douwe Dijkstra makke de film yn in miks fan animaasje, film en visual effects. Sytze Pruiksma tekene foar de driuwende muzikale skoare.

Premjêredei mei foar- en neiprogramma
De film giet op freed 27 july om 22.45 oere yn premjêre. Op dy jûn jout Douwe Dijkstra om 20.00 oere in masterclass yn Slieker Film. Hy lit mei making-of materiaal en earder wurk sjen wat syn unike manier fan filmmeitsjen is. De oanwêzigen krije sa ek in byld fan hoe’t One of Us makke is. Om 22.30 oere begjint in foarprogramma yn Obe. Marijke Roskam ynterviewt Nynke Laverman en Sytze Pruiksma. As ekstra gast oan tafel skoot Eva Meijer oan. Sy is filosofe en skriuwster fan ûnder mear Het Vogelhuis. De petearen wurde ôfwiksele mei live performances troch Nynke, Sytze en Eduard Escoffet. Nei de projeksje ( 22.45-23.00 oere) is der in afterparty mei DJ yn Obe. Alle ûnderdielen binne fergees tagonklik. Foar de masterclass yn Slieker is oanmelden needsaaklik; dat kin fia lanfantaal.frl.

Draaiperioade
One of Us is fan 27 july oant en mei 30 septimber alle wiken fan fan tongersdei- oant en mei sneintejûn te sjen op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert (útsein 9 oant en mei 12 augustus en 6 septimber). Oanfang july en augustus: 22.45 oere, oanfang septimber: 22.00 oere.

De makkers
Nynke Laverman
‘A leaf-blown shimmer of a voice’, skreau The Independent oer de stim fan Nynke Laverman. Yn 2003 ferovere se Nederlân mei har Fryske Fado. Har muzyk ûnderskiedt him troch in folslein eigen lûd, dêr’t mankelikens, poëzy en de Fryske taal yn byinoar komme. Har ynspiraasje hellet se út ûnderskate hoeken fan de wrâld. Foar it album Nomade, dat út in reis nei Mongoalië fuortkaam, krige se in Edison. Yn Madrid wurke se mei de ferneamde producer Javier Limón gear, dêr’t it album Alter (2013) it resultaat fan wie. Dêrmei sette se de stap nei de ynternasjonale poadia. Yn 2016 ferskynde har album Wachter. Oankommende hjerst komt der in reprize fan de foarstelling dy’t dêrby heart.

Douwe Dijkstra
Douwe Dijkstra studearre yn 2005 ôf yn de rjochting Illustration Design oan ArtEZ hegeskoalle foar de keunsten. Syn wurk is in miks fan film, animaasje en visual effects. Syn styl: byldzjend, humoristysk en sosjaal engazjearre. Yn 2014 makke er de fideo-ynstallaasje en koarte film Démontable, dêrnei de koarte dokumintêres Voor Film yn 2015 en Green Screen Gringo yn 2016. Syn films draaie oer de hiele wrâld en krigen prizen op filmfestivals yn ûnder oare Clermont Ferrand, Glasgow, Seoul, Berlijn en Sapporo. As lid fan Collectief 33 1/3 siket er, yn ‘e mande mei Jules van Hulst, de kombinaasje op tusken teäter en fideo en wurke er ûnder mear mei Rosa Ensemble en Ensemble Intercontemporain gear.

Sytze Pruiksma
Dizze eigensinnige slachwurker en komponist lit him ynspirearje troch lânskippen, natuer en fûgels. Nei it konservatoarium spile er as klassyk slachwurker by ûnder mear it Koninklijk Concertgebouw Orkest en it Nederlands Blazers Ensemble. Fierder wurke er mei oan in soad teäterproduksjes fan Tryater, Peergroup en Orkater. Mei prof. dr. Theunis Piersma, heechlearaar trekfûgelekology, makke er twa muzikale lêzingen: Music of Migration (2009) en Tracks (2017). Yn july gie Conference of the Birds yn premjêre, in grutte lokaasjefoarstelling dy’t er yn ‘e mande mei NNT/Club Guy & Roni ûntwikkele yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. De gearwurking mei Nynke giet werom oant 2003.

Eduard Escoffet
Dizze Katalaanske dichter en kulturele opstokeler út Barcelona wurket yn ferskate fasetten fan de poëzy, mar syn grutste ynteresse en fokus lizze by ‘sound poetry’ en foardrachten. Hy rjochte yn Barcelona ferskate platfoarms en projekten op en wie fan 2000 oant 2004 ‘co-director’ fan Proposta, in festival fan ‘sound poetry an contemporary poetry’ yn Barcelona. Hy publisearre ferskate dichtbondels, skreau mei oan teäterteksten en brocht mei syn band Bradien twa platen út. Neist syn belutsenens yn de ‘counter-culture scene’ fan Barcelona, reizget er foar optredens op poëzyfestivals en eveneminten de hiele wrâld oer.

De spilers
De Servysk-Nederlânske goreografe/dûnseres Dunja Jocic en de Flaamske akteur-regisseur Hendrik Aerts spylje de haadrollen yn One of Us. Donja Jocic dûnse ûnder oare by Club Guy en Roni, Ballet du Nord (Frankryk) en Emio Greco / PC. Yn 2007 makke se har earste eigen goreografy. Se produsearret ek (koarte) films. Aerts heart sûnt 2017 ta it fêste ensemble fan Noord Nederlands Toneel.

july 15, 2018 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.