25 tûzen berjochten op It Nijs

july 11, 2018 09:40

Doe’t Meindert Tjerkstra foar de Ried fan de Fryske Beweging yn augustus 2009 mei It Nijs begûn, wie dat in eksperimint. Nijs fan bûten Fryslân yn it Frysk, dat wie der eins noch net en it wie in gok oft der ferlet fan wêze soe.

Nei Tjerkstra hawwe ferskate oare minsken de publisiteitsstream geande holden. It Nijs is wilens in begryp, mei in fêste stream oan opinystikken en nijs út Fryslân, de Benelúks en de rest fan ’e wrâld, skreaun troch in aktyf en hieltyd wikseljend netwurk fan minsken.

It webstee hat in groep trouwe besikers, dy’t fia de reaksjemooglikheid har ynstimming of ôfkarring blike litte of suggestjes jouwe. Websteeën lykas Liwwadders en Ensafh nimme gauris stikken fan It Nijs oer of ferwize dernei.

Nei ferwachting yn ’e rin fan nije wike sil It Nijs oer de grins fan 25 tûzen berjochten hinnegean. Op Facebook hat It Nijs twa siden: ien mei fjouwertûzen freonen en ien mei 1400. Op Twitter folgje mear as trijetûzen minsken It Nijs. Takom jier fiert it webstee syn tsiende jierdei. It Nijs is net mear fuort te tinken út it Frysktalige part fan it ynternet. It eksperimint fan 2009 liket slagge te wêzen.

Sa seach It Nijs der yn 2011 út:

july 11, 2018 09:40
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Frommiske july 13, 19:01

    Op nei de hunderttuzen!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.