Wiebes: ‘Ynvestearring sinnepanielen yn sân jier weromfertsjinne’

juny 16, 2018 10:04

Mei de nije subsydzjeregeling foar húshâldens en bedriuwen dy’t sels griene stroom winne, moatte minsken harren ynvestearring yn sinnepanielen yn likernôch sân jier weromfertsjinje kinne. Minister Wiebes fan Ekonomyske Saken en Klimaat skriuwt dat yn in brief oan de Twadde Keamer.

Foto: pixabay.com

Dy weromleversubsydzje, dêr’t de komst earder al fan oankundige wie, sil de hjoeddeiske saldearringsregeling ferfange. Dat hat gefolgen foar minsken mei sinnepanielen op it dak. Hja krije no noch in geunstige fergoeding foar de stroom dy’t se sels net brûke en weromleverje oan it net. De subsydzje ferleget sa de tiid dêr’t de oanskaf en montaazje fan de sinnepanielen yn weromtsjinne binne.

Troch legere prizen fan panielen en harren tanommen effinsjinsje, nimt dy weromfertsjintiid noch hieltyd ôf. Neffens Wiebes soe de trochsneed weromfertsjintiid by it fuortsetten fan de saldearringsregeling yn 2025 op fjouwer jier útkomme.

It kabinet wol fan de regeling ôf, om’t dy te djoer is en troch it tanimmen fan it tal sinnepanielen yn Nederlân ek hieltyd djoerder wurdt. “Ik wol each hâlde foar in goede balâns tusken kosten en de mjitte fan stipe foar lokale inisjativen”, skriuwt Wiebes. De fergoeding foar de kilowattoeren dy’t levere wurde, giet nei alle gedachten omleech, mar mei hoefolle, wol de minister noch net sizze. Uteinlik moat de weromfertsjintiid op sân jier útkomme, om’t minsken neffens Wiebes oant dy termyn reewillich binne om te ynvestearjen yn sinnepanielen.

De minister komt fan ’t simmer mei in útwurke útstel oer de nije weromleversubsydzje, dy’t yn 2020 yngean moat. Wiebes ûnthjit foar de brûkers fan de hjoeddeiske saldearringsregeling in soepele oergong.

juny 16, 2018 10:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.