Waskbear kladderet nei tweintichste ferdjipping kantoarflat
Resint ferskynd
Meiwurkers fan in kantoarflat yn Saint Paul (Minnesota, Feriene Steaten) seagen grif fernuvere op doe’t se ynienen in waskbear yn it rút sitten seagen. It bistke waard tiisdeitemoarn foar it earst sjoen op ien fan de legere ferdjippings fan it kantoar fan de bank UBS, mar ûnderwilens is it hast hielendal nei boppen klommen fia de gevel. En dat is heech: it gebou telt mear as tweintich ferdjippings.
Op sosjale media wurde in protte foto’s fan de waskbear set. In protte minsken hawwe noed en freegje har ôf oft it bist noch wol sels nei ûnderen komme kin. De waskbear hat no sels in eigen twitterakkount, mei as earste berjocht: “Ik haw in grutte flater makke.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje