Waarpraatsje: Snein kreas simmerwaar

juny 9, 2018 19:06

DE JOUWER – Nei in pear dagen mei wat minder sinne en wat minder hege temperaturen, sjocht it der foar snein kreas út.

Yn ‘e nacht fan sneon op snein is de loft (foar in part) berûn. By in swakke oant matige noardewyn wurdt it fjirtjin graden.

Snein is de loft earst meastentiids berûn, mar geandewei is der mear romte foar de sinne. De noardewyn is op ‘e nij swak oant matich. It wurdt tusken de tweintich en fjouwerentweintich graden.

Fan moandei ôf wurdt it stadichoan in pear dagen minder waarm. Op tiisdei en woansdei komt de temperatuer oerdei, nei alle gedachten, net oan de tweintich graden ta.

Tsjûkemar. Foto © Jan Brinksma

Jan Brinksma

juny 9, 2018 19:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.