Waarpraatsje: simmer docht stapke tebek

juny 10, 2018 18:38

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel aardige snein, docht de simmer it oan it begjin fan ‘e wike efkes kalm oan.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is it earst frij helder, mar geandewei rekket de loft sa út en troch berûn. By in swakke oant matige noardewyn wurdt it tolve graden.

Moandei is der neist bewolking ek sinne. De wyn komt út it noardeasten en is matich. It wurdt om de tweintich graden hinne.

Op tiisdei en woansdei hellet de temperatuer de tweintich graden net, mar letter yn ‘e wike wurdt it wer wat waarmer.

Jan Brinksma

juny 10, 2018 18:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.