Waarpraatsje: oan de frisse kant

juny 12, 2018 19:19

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in bewolkte tiisdei mei temperatueren ûnder de tweintich graden, sil der woansdei net folle feroarje.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei wikselje bewolking en opklerringen inoar ôf. Op guon plakken soe wat storein falle kinne. By in swakke noarde- oant noardwestewyn wurdt it om de tsien graden hinne.

Woansdei is de loft earst berûn, mar geandewei de dei nimt de kâns op (wat) sinne ta. De noardwestewyn is matich. It wurdt op ‘e nij net folle waarmer as santjin graden.

Fan tongersdei ôf is it wol wat ritich, mar rint de temperatuer wer op nei tweintich graden.

Jan Brinksma

juny 12, 2018 19:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.