Waarpraatsje: Nederlânsk simmerwaar

juny 14, 2018 18:58

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in wat tsjinfallende en rûzige tongersdei hawwe wy ek de kommende dagen mei ‘Nederlânsk simmerwaar’ te meitsjen. Net al te waarm en in bytsje ritich.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed binne der opklearringen, mar der is sa út en troch en wat bewolking.  Op guon plakken kin (wat) damp ûntstean. De swakke wyn komt út ferskate rjochtingen. It wurdt in graad as tsien.

Freed lit de sinne him grif sjen, mar der is sa út en troch ek bewolking. Letter op ‘e dei kin der in lyts buike falle. De wyn is swak en komt op ‘e nij út ferskate rjochtingen. It wurdt goed tweintich graden.

Sneon feroaret der net safolle oan it waar. Neist sinne is der ek bewolking en it wurdt om de tweintich graden hinne. Fan snein ôf bliuwt it wat ritich mei temperaturen dy’t by dizze tiid fan it jier hearre.

Jan Brinksma

juny 14, 2018 18:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.