Waarpraatsje: efkes gjin tweintich graden

juny 11, 2018 20:30

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel lange tiid mei waarm en bytiden tige waarm waar, krije wy no in pear dagen mei in temperatuer ûnder de tweintich graden. Min waar wurdt it oars net.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei wikselje opklearringen en bewolking inoar ôf. De noardewyn is swak oant matich en it wurdt alve graden.

Tiisdei is der sinne, mar de loft is sa út en troch ek berûn. De noardewyn is meast matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt net folle waarmer as santjin graden.

Op woansdei feroaret der net folle oan it wat te koele waar. Fan tongersdei ôf rint de temperatuer wer wat op.

Jan Brinksma

juny 11, 2018 20:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.