Waarpraatsje – Earst noch waarm simmerwaar

juny 7, 2018 19:02

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in waarme en op guon plakken tige waarme tongersdei, bliuwt it yn elts gefal noch oant en mei it wykein waarm. Wol nimt de kâns op in (tonger)bui ta.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is it frij helder, mar der kin ek wat bewolking foarkomme. By in swakke oant matige noardewyn wurdt it fjirtjin graden.

Freed is der neist sinne ek sa út en troch bewolking. De kâns op in bui is yn Fryslân net sa hiel grut. De wyn komt út it noarden en is matich. It wurdt tusken de tweintich en viifentweintich graden.

Sneon feroaret der oan it waar net folle. Der is wol wat mear bewolking en de kâns op in (tonger)bui nimt wat ta. De temperatuer leit tusken de tweintich en fjouwerentweintich graden.

Jan Brinksma

juny 7, 2018 19:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.