Waarpraatsje: bytsje ritich

juny 13, 2018 16:32

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It echte simmerwaar komt foarearst noch net werom. De temperatuer rint wol wer wat op, mar it is tagelyk in bytsje ritich.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is it frij helder, mar der komt ek wat bewolking foar. De sude- oant súdwestewyn is meast swak, op syn heechst matich. It wurdt in graad as njoggen.

Tongersdei is der earst (wat) sinne, mar letter sil it sa út en troch reine. Yn ‘e jûn kin it wer wat opklearje. De súdwestewyn is meast matich, mar by de kust lâns, boppe de Iselmar en yn it Waadgebiet stiet mear wyn. Yn ‘e jûn jout de wyn him wer wat del. De temperatuer leit om de tweintich graden hinne.

Freed feroaret der net folle oan it waar. It bliuwt, nei alle gedachten, wol drûch en we sille grif de sinne sjen.

Jan Brinksma

juny 13, 2018 16:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.