Twataligens bliuwt probleem foar Belgyske amtners

juny 19, 2018 00:33

Amtners yn tsjinst fan ‘e Belgyske sintrale oerheid moatte twatalich wêze. Hja moatte it Nederlânsk en Frânsk beide op in heech nivo behearskje. Dat wie al lang de regel, mar dy waard amper hanthavene. Dat feroare in jier lyn. Doe moasten alle amtners dy’t lieding joegen oan oaren in taaleksamen dwaan. Wa’t dat net helle, krige it ôfrûne jier mei de gefolgen te meitsjen.

De direkteur fan de Belgyske oerheidstsjinst foar de ekonomy rekke syn baan kwyt. Amtners dy’t sa heech yn ‘e beam sitte en net twatalich binne, krije sûnder pardon dien. Oaren dy’t lieding jouwe en leger ynskale binne, krije oardel jier de tiid om twatalich te wurden. Yn dy tiid meie hja har funksje wol útoefenje, mar se meie gjin petearen mei ûnderhearrigen fiere dy’t fan ynfloed binne op dy harren karriêre, bygelyks funksjonearringspetearen. Op 1 novimber 2019 moatte alle amtners mei in sjeffunksje flot Nederlânsk en Frânsk begripe, prate en lêze kinne.

Op it stuit hat noch mar tweintich persint fan de amtners dy’t it eksamen dwaan moatte dat ek wier dien. Dat hat de Flaamske partij N-VA útsykje litten. It giet om in lytse fiifhûndert amtners. Fan de Nederlânsktaligen hat 52 persint in foldwaande helle. By de Frânsktaligen wie dat 30 persint.

“De lage slaagpercentages zijn zorgwekkend”, seit Brecht Vermeulen, Belgysk Keamerlid foar de N-VA. “Hoe kan een leidinggevende nog gezag, leiding en toezicht hebben over een medewerker als hij er niet eens fuctioneel mee kan communiceren?”

juny 19, 2018 00:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.