Turken yn Nederlân o sa foar Erdogan

juny 25, 2018 15:53

De Turkske presidint Recep Erdogan

De sittende presidint Recep Tayyip Erdogan kin sitten bliuwe, sa liket it no. Erdogan hat sels al buorkundich makke dat er in abslute mearderheid hat fan likernôch 53 persint. Syn partij, de AKP, soe in koälysje oangean mei de konservative geastessibbe MHP. De AKP hat likernôch 43 persint fan de stimmen helle.

Wylst yn Turkije al in grut part fan ‘e kiezers in konservative, islamityske stim útbrocht hat, is dat by de Turken om utens namste sterker it gefal. Fan de Turken dy’t yn Nederlân stimd hawwe, hat 73 persint op Erdogan stimd. De AKP krige mar leafst 62 persint fan de stimmen. By de Turkske stimburo’s yn Rotterdam, Amsterdam en Dimter waard fannacht manmachtich feestfierd troch oanhingers fan de Turkske presidint. Krapoan de helte fan ‘e Turken dy’t yn Nederlân wenje, hat meidien oan de Turkske ferkiezings.

Ferline jier stimden de Turken foar in wet dy’t de presidint folle mear macht jaan soe. Fan de Turken yn Nederlân stimde doe 71 persint foar dy wet. Troch it oannimmen fan dy wet kin Erdogan wetten trochdrukke tsjin de wil fan it parlemint yn. Hy kin sels hege amtners beneame en dien jaan, it parlemint ûntbine en in feto útsprekke oer de begrutting.

juny 25, 2018 15:53
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Eric maart 17, 05:07

    Ja en sokken sitte ek al yn de twadde keamer.

  2. mbc84 maart 17, 07:52

    Dit binne gjin Nederlanners, en hawwe se ek nea west. Dit binne de kolonisten fan it mohammedanisme. Hoe mear at der fan dit folk hjir deryn komt, hoe slimmer at it wurdt en hoe minder wy sels oer eigen lân te sizzen krije.

    Noch slimmer binne de (ús eigen) minsken dy’t dit fasilitearje. Dy’t sizze dat dit Nederlanners binne. Dy’t sizze dat de Nederlanner net bestiet. Dy’t miene dat it mohammedanisme ek mar gewoan in godstsjinst is. Dy’t de oare kant op sjogge at dit folk hate tsjin ús preket, mar mei it fingerke swaait at ik my kritysk útlit oer dat mohammedanisme. Dát soarte minsken is it slimste, en dêrom giet ús wrâld deroan. Der is gjin protest tsjin sokken, sokken wurde altiten noch sjoen as de nobelen om’t der miend wurdt dat se opkomme foar de swakkeren. Mohammedanisten binne net swak, nea net. Mohammedanisme moat altiten bestriden wurde, ús namme fan de minsklikheid. It linksfolk moat him de bek hâlde, en ophâlde dit folk de hân boppen de holle te hâlden en de eigen minsken te skansearjen en te befjochtsjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.