‘Tsientûzenen besmette Nederlânske aaien yn Dútske supermerken’

juny 12, 2018 08:28

Foto: pixabay.com

Yn supermerken yn Dútslân binne opnij mei fipronil besmette aaien oantroffen, berjochtsje Dútske media. It giet om likernôch 73.000 aaien dy’t ferkocht waarden yn seis dielsteaten, ferspraat oer it hiele lân. Dy binne ûnderwilens út de winkels helle. Nei’t oanommen wurdt komme se fan in biologyske hinnehâlder út Nederlân. Se binne fan 17 maaie oant 4 juny levere en in part is al ferkocht oan konsuminten. It Dútske ministearje fan Lânbou seit dat der gjin gefaar foar de folkssûnens is.

Nederlân hie ferline jier te krijen mei in grut fipronilskandaal, dêr’t fia it stâlhimmelbedriuw Chickfriend it giftige bestridingsmiddel by yn ’e aaien telâne kaam wie. Yn totaal waard de stof yn produkten yn 45 lannen oantroffen. De krisis is in jier letter noch net hielendal oer. Noch hieltyd binne goed hûndert bedriuwen foar in part blokkearre om’t der noch hieltyd fipronil yn ’e hinnedong sit. Ferline moanne waard bekend dat de plomfeesektor ekstra kontrôles ynfiert om de oanwêzigens fan fipronil better opspoare te kinnen.

juny 12, 2018 08:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.