‘Tongen’ op Oerol, Oranjewâld Festival e.o.

juny 1, 2018 07:53

Nyk de Vries (foto : Dingena Mol / Hollandse Hoogte)

Sneon 2 juny is op it Oranjewâld Festival de premjêre fan de foarstelling ‘Tongen’ fan skriuwer-muzikant Nyk de Vries, in mingeling fan foardracht, muzyk, film en harkspul. De autobiografyskee foarstelling begjint yn Malawi. As Nyk dêr yn 2008 in tsjerkje yn giet heart er himsels ynienen yn tongen praten. Yn in frjemde griemmank fan Frysk en oare talen brabbelet er mar wat, yn it Afrikaanske lân mei syn sânpaden en houten elektrisiteitspeallen. It docht him nuver genôch tinken oan De Westereen, it doarp fan syn mem. ‘Tongen’ giet oer de ferriederlike krêft fan ûnwennigens. Fier fan hûs wurde taal en leauwe him ynienen dierberder as er tocht hie.

Nyk makke ‘Tongen’ spesjaal foar de Taalkaravaan, in programma fan ‘Lân fan taal’, dêr’t talen en ferhalen sintraal yn steane. De foarstelling is fan ’t simmer ûnder mear te sjen op Oerol Skylge, Simmerdeis Drachten, Tall Ship Races Harns en de Admiraliteitsdagen te Dokkum.

Premjêre ‘Tongen’
Oranjewâld Festival, 13.00 oere, Rabobank Paviljoen – https://oranjewoudfestival.nl/nl/programmaonderdeel/tongen

Renger nominearre foar Rink van der Veldepriis
De Fryske ferzje fan de roman Renger fan Nyk de Vries is nominearre foar de Rink van der Veldepriis 2018. De twa oare nominearre boeken binne Bêste jonge fan Geart Tigchelaar en De nacht fan Mare fan Willem Schoorstra. De twajierrige priis is foar Frysktalich proaza dat it bêste oanslút by it wurk fan de yn 2001 ferstoarne skriuwer Rink van der Velde. Dêrneist moat it boek skreaun wêze foar in breed lêzerspublyk. De winner kriget in byldsje, betocht en makke troch Anne Woudwijk en in jildpriis fan 2000 euro. De útrikking sil freed 15 juny wêze op De Veenhoop.

Aktuele data
sneon 2 juny – Oranjewoud Festival – Oranjewâld (Tongen)
snein 3 juny – Poëzieroute Het Langhuis – Swol
freed 15 juny – Utrikking Rink van der Veldeprijs – De Feanhoop
freed 15 juny – Oerol – Skylge (Tongen)
sneon 16 juny – Oerol – Skylge (Tongen)
snein 17 juny – Oerol – Skylge (Tongen)
moandei 18 juny – Oerol – Skylge (Tongen)
tiisdei 19 juny – Rink van der Velde-jûn – Drachten
freed 29 juny – Simmerdeis – Drachten (Tongen)
snein 30 juny – Simmerdeis – Drachten (Tongen)
snein 8 july – Tall Ship Races – Harns (Tongen)
sneon 25 augustus – Noorderzon – Grins
snein 26 augustus – Noorderzon – Grins
moandei 27 augustus – Noorderzon – Grins
snein 2 septimber – De Oversteek – Nijmegen
8 of 9 septimber – Admiraliteitsdagen – Dokkum (Tongen)
sneon 20 septimber – Theaterroute – Almelo

Mear ynfo fia: www.nykdev.nl

juny 1, 2018 07:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.