Tattoo artists wurkje mei nije ûndergrûn

juny 8, 2018 15:42

Fan 2 juny ôf presintearret it Keramykmuseum Prinsessehôf yn Ljouwert in útstalling mei tatoeaazjekeunst op porslein. Njoggen ferneamde tattoo artists út binnen- en bûtenlân wurkje mei in nije ûndergrûn: keramyk. De resultaten litte de alsidigens fan de hjoeddeiske tatoeaazjekeunst sjen: fan frije ‘hand-poking’ oant fotorealistysk en fan tradisjoneel pre-kristlik oant gesachhawwend modern. De útstalling Tattoo & Ceramics is ta stân kommen troch it gearwurkjen fan it Prinsessehôf mei LF2018 en Sundaymorning@EKWC.

Yn de útstalling binne servizen te sjen dy’t skildere binne troch de tatoeëarders. De opstelling lit sjen dat tatoeaazjes en keramyk in soad mienskiplik hawwe. Beide binne it iuwenâlde ambachten, dy’t oer de hiele wrâld útoefene wurde. In einprodukt is in kostber besit en in persoanlike útering fan smaak. By it setten fan tatoeaazjes op de hûd is, krekt as by it bewurkjen fan keramyk, it proses nuodlik, in flater is mar min te ferbetterjen. It duorsume aspekt fan beide keunstfoarmen soarget derfoar dat it einprodukt in besit foar it libben is. De stilen binne ferskillend, fan moderne ûntwerpen oant tradisjonele pre-kristlike keunst. Yn Tattoo & Ceramics komme de stilen en ambachten byinoar yn in yntime eksposysje.

Eksperimint
It Prinsessehof en LF2018 nûgen njoggen ferneamde tattoo artists út foar in unyk eksperimint. De tatoeëarders krigen in stoomkursus keramykdekoraasje yn it Europeesk Keramysk Wurksintrum (EKWC). Se hiene dêrnei ien wike de tiid om porsleinen servysguod yn harren eigen styl te bewurkjen. Dit kear gjin libbene hûd, mar koel keramyk. De keunstners wurken yn twatallen en in inkeld trijetal gear oan de presintearre ûntwerpen. Dêr wiene by: Andrew Abramchik (BLR) , Michaud Elie Jonathan (FR), Elbrich Schoorstra (NL), it duo Expanded Eye (GB), Fabiënne Demmer (NL), Maaike de Jong (NL), Jakub Vaniš (CZ) en Joris Mous (NL).

Europeesk Keramysk Wurksintrum
Jierliks ferbliuwe ferskillende keunstners yn it EKWC, dêr’t se de gelegenheid krije om te eksperimentearjen mei keramyk. It Prinsessehôf makket faker útstallingen mei wurk fan keunstners dy’t in wurkperioade yn it Europeesk Keramysk Wurksintrum efter de rêch hawwe. It doel is de ûntwikkeling fan keramyk yn de byldzjende keunst, ûntwerp en arsjitektuer te stimulearjen. Yn totaal litte 16 keunstners harren wurk sjen op de boppeferdjipping fan it Princessehof.

Tattoo & Ceramics wurdt mei mooglik makke troch Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 en Sundaymorning@EKWC

juny 8, 2018 15:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.