Tal deaden fulkaan Guatemala rint op

juny 7, 2018 07:07

It tal deaden as gefolch fan de fulkaanútbarsting yn Guatemala is oprûn ta 99, melde de autoriteiten fan it lân. Juster wie der noch sprake fan 75 deaden. In protte fan de slachtoffers binne noch net identifisearre. De measte lichems binne swier ferbaarnd. Der sille dna-tests útfierd wurde moatte om de slachtoffers te identifisearjen.

Foto: pixabay.com

De opposysje yn it lân hat krityk op de oerheidstsjinst dy’t warskôgje moat foar natuerrampen. Opposysjelieder Mario Taracena wol dat ûndersocht wurdt oft de tsjinst him skuldich makke hat oan neilittigens, berjochtet de BBC. Fulkanologen sizze dat se sneintemoarn, de dei fan de útbarsting, warskôge hiene dat minsken evakuearre wurde moasten. Mar neffens de rampetsjinst wiene dy warskôgings net spesifyk genôch om ta massale evakuaasje oer te gean.

De fulkaan Fuego bliuwt ûnrêstich. Woansdei wie der in nije útbarsting wêrtroch’t rêdingswurkers dekking sykje moasten. De útbarsting fan ôfrûne snein wie de swierste yn fjirtich jier tiid. Doarpelingen waarden dertroch oerfallen. Troch de faasje dêr’t de jiske en lava mei ferspraat waarden, koene in protte minsken net op ’e tiid fuortkomme.

juny 7, 2018 07:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.