Taalferoaring

juny 13, 2018 11:41

De lêste pear wiken haw ik ris opskreaun wat my opfoel by Omrop Fryslân, dêr’t grif in trochsneed fan it Fryske publyk by oan it wurd komt. En dan giet it oer de wurden dy’t oars binne as sa’t se in santich jier lyn yn en by Stiens om brûkt waarden. Dat seit fansels net alles oer de kwaliteit, want doe doogde alles ek noch net!
Mar dochs is yn in soad gefallen de ynfloed fan it doe ientalige ûnderwiis te sjen, dat allinne ûnderskied makke tusken “goed” en “fout” en net tusken “Nederlands” en “Frysk”, dêr’t de Frysktalige learlingen yn feite troch de grûn ynwâde waarden.
Hjirûnder wat ik fûn. Elke rigel begjint mei wat ik op ‘e Omrop hearde.

akkú (de) – it akje (sei in âld buorfrou)
beneden (nei ~) – nei ûnderen
bezich – oan ‘e gong
bijna – benei
blij – bliid
broers – bruorren
búk – liif
bukke – bûge
dat binne der 6 – dat binne 6
druppel – drip
dyn heit – jim heit
elts – elk
erg – tige, heel
faard – fearn
ferjitten – fergetten
geane it meitsjen – sille it meitsje
gelyk – daliks
graach dien – mei alle wille
graven – groeven
helemaal – heendal
hun – har
hurd – lûd
langsum – stadich
lêtste – lêste
leuk – aardich
mei my mei – mei my
mist – damp
mûnes – mûnen
nocht oan [takomst] – sin oan
oere (it ~) – de oere
oplette – derom tinke
prettich – noflik
prettiger – plezieriger, nofliker
rap – fluch, gau
samen – tegearre [2]; mei-inoar
samen mei – tegearre mei
sich – har, him
sin yn – sin oan
sletten – sluten
sleutel – kaai
smelte – rane
snel – gau
steeds – hyltyd
tegearre [mear] – mei-inoar
uze kant – ús kant
yts – wat

Pyt

juny 13, 2018 11:41
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. jangerben juny 13, 18:11

    Siz Pyt, wat is der mis mei elts, yn de wurdboeken stiet dat beiden brûkt wurde kinne. Elk is in Nederlânsk wurd.

  2. Jabik Jans juny 14, 11:20

    Pyt hat gelyk, it beart like mâl as wat dat Hollânske Frysk.

    Juster wie in skoalledirekteur fan Piter Jelles foar de radio: hy ferhaspele de tiidwurden.

  3. pyt Skriuwer juny 14, 15:31

    Oan Jangerben:
    It wie waarnimming, gjin krityk.

  4. Anonym juny 15, 08:10

    As ik gjin Hollânsk koe, koe ik it hjoeddeiske Frysk net ferstean.

  5. Romke juny 15, 16:30

    Goed lústere Piet. Bedankt foar dit rigeltsje mar ik haw ek faak it gefoel dat men it bij de omrop net goed wit en dan it neffens it wurdboek docht. Dat is heel faak net in wurdt dat noch brûkt wurdt troch de trochsnee Fries.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*