Startmomint BinckBank Tour

juny 8, 2018 08:02

Maarten Tjallingii by it lûken fan de einstreek (foto: Gemeente Súdwest-Fryslân)

De earste etappe fan de BinckBank Tour, mei de start op It Hearrenfean en de einstreek yn Boalsert, is op moandei 13 augustus. Dat liket noch fier fuort. De tariedings binne lykwols al yn folle gong.

Sa wurdt bygelyks freed 8 juny om 11.00 oere op symboalyske wize de startline lutsen op de Abe Lenstraboulevard op It Hearrenfean. Ald-hurdfytser Maarten Tjallingii, ambassadeur fan de BinckBank Tour, fytst dêrnei in part fan it parkoers. Hy docht dat mei boargemaster Tjeerd van der Zwan fan It Hearrenfean, algemien direkteur Rinse Bleeker fan Sportstêd It Hearrenfean en in fertsjintwurdiger fan SC Hearrenfean.

Dêrnei fytst Tjallingii troch nei finisjplak Boalsert. Dêr komt er om 15.00 oere hinne oan, om dêr de einstreek te lûken. Boalsert wie ek yn 2015 en 2016 al finisjplak fan de iennige profomgong fan Nederlân (en België). Op snein 12 augustus, de dei foar de earste etappe, wurde yn it sintrum fan Boalsert de dielnimmende ploegen presintearre.

juny 8, 2018 08:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.