Skoalbern basisûnderwiis wer it wetter yn!

juny 1, 2018 22:05

Swim2Play yn swimbad De Wetterstins

Lofts: Doeke Fokkema – rjochts: Eelke Hoekstra (foto: Binne Louw Katsma)

De gemeente Tytsjerksteradiel is begjin maart úteinset mei in proef om basisskoallen wer lessen yn it swimbad oan te bieden. Ein ferline jier hat de gemeenteried dêr jild foar frijmakke. Wethâlder Doeke Fokkema joech mei Eelke Hoekstra, direkteur fan basisskoalle De Reinbôge, it offisjele startskot foar de proef.

De gemeente hat derfoar keazen om te begjinnen mei it besteande konsept Swim2play (www.swim2play.nl). Bern fan groep 1 oant en mei 6 komme dan fiif kear yn it jier yn it swimbad. De les duorret trije kertier en elk kertier wurdt wat nijs oanleard troch boartlike aktiviteiten. Op dy wize wurdt de swimfeiligens fan de bern grutter en ûnderhâlde se geregeldwei de swimfeardigens.

Foar alle basisskoallen yn Tytsjerksteradiel
Alle basisskoallen út de gemeente kinne har oanmelde om mei te dwaan. Dêr hawwe se al in uitnûging ta krige. Eelke Hoekstra, direkteur fan basisskoalle De Reinbôge, wie fuortendaliks entûsjast. De earste groepen fan dy skoalle hawwe dêrom al in dûk yn it swimbad nimme kinnen.

juny 1, 2018 22:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*