Skiednis Redbad op ‘e nij skreaun

juny 17, 2018 20:45

Senarioskriuwer Alex van Galen fan de film ‘Redbad de legende’ wol ha dat histoarisy de midsiuwske kening Redbad yn de top trije fan grutste helden yn de Nederlânske skiednis pleatse, njonken Michiel de Ruyter en Willem van Oranje. “Iksels hie lykwols noch nea fan him heard”, jout Van Galen ta. Dat sil foar fierwei it grutste part fan de Nederlanners jilde. Under Friezen is Redbads nammebekendheid wat grutter, om’t er as in wichtich part fan harren skiednis beskôge wurdt. As it oan de makkers fan de Redbadfilm leit, moatte de Friezen de ferneamde foarfaar meikoarten diele mei de oare Nederlanners.

Regisseur Roel Reiné, dy’t in learare-oplieding skiednis folge hat, koe de Fryske kening fan namme, mar wist fierder neat fan hom ôf. Beide manlju rekken oanstutsen fan produsint Klaas de Jong. Dy komt út Feanwâlden, mar neamt himsels gjin folbloed Fries. Syn heit wie in Fryske boer en syn mem dochter fan in Hollanner yn Yndië en in ynlânske frou út it laach fan de sultan fan Soerakarta. “Sjochst oars nei de dingen ast net hielendal Hollânsk bist. En wy praten thús Nederlânsk, wylst de oaren op skoalle Frysk praten.” De Jong kaam yn ‘e kunde mei Redbad by in besite oan Kasteel Radboud, hy ferdjipte him yn de skiednis en ûntduts hûnderten leginden oer de ferneamde Fryske kening, dy’t om it jier 1100 hinne optekene binne. “It koe dus net oars as in bysûnder figuer west ha.”

De tiid fan Redbad is in kearpunt yn de skiednis fan de Lege Lannen. De Franken reagen mei it kristendom de doetiidske Fryske kultuer oan ‘e kant. Neffens Van Galen is mei it kristendom in kultuer fan nederichheid mank en is dat leauwe o sa gaadlik foar hearskers om harren wil oan in folk op te lizzen, om’t dêr ûnderhearrigens út fuort komt. It Germaanske leauwe fan Redbad stie just foar gelikensens en ienheid mei natuer, foarâlden en meiminsken. De Jong set dy kultuer, sûnder stânsferskillen, in bettere posysje foar froulju, demokrasy en frijheid fan mieningsutering foar dy fan de Romeinen en de Roomske tsjerke oer, dy’t op hiërargy en ûnderdrukking basearre is. Hy hâldt út dat dy heidenske kultuer, dy’t him boppe de rivieren lang hanthavenje koe, no noch hieltyd te fernimmen is oan it karakter fan de Nederlanners.

Sadwaande jouwe de makkers fan de Redbadfilm in oare fyzje op de histoarje as dy dy’t  iuwenlang húsriem wie. Want de oerwinners skriuwe de skiednis, alhielendal as harren tsjinstanners amper skriuwe kinne, en mei de kristlike kultuer waard it skrift wichtich. Mar mei de tiid feroaret de blik op it ferline; de skiednis wurdt hieltyd op ‘e nij skreaun. De Friezen binne gjin oerkommelingen mear dy’t in froede sindeling as Bonifatius samar deasloegen, mar se ferdigenen harren tsjin in agressive bûnsmaat fan de Frankyske fijân. Histoarisy nuansearren it eardere kristlike perspektyf langer en sa wie it ek al beskreaun yn de kanon fan de Fryske skiednis. Mar de measte hjoeddeistige Nederlanners sille harren noch hieltyd mear identifisearje mei in Willibrord as mei in Redbad. En nettsjinsteande it sizzen fan Van Galen stiet dy earste wol yn de Nederlânske skiedniskanon mar de twadde net. Soks soe mei dizze grutte histoaryske film wol ris feroarje kinne. Yn in tiid dat lêzen wer minder wichtich wurdt, wurdt de skiednis op ‘e nij yn bylden beskreaun. Hjirûnder wat foarpriuwkes.

Redbad komt 28 juny út. Foarpremières binne der yn Ljouwert (23 juny yn de iepen loft) en Den Bosch (25 juny). De taal is Nederlânsk en Ingelsk; Frysk komt der net yn foar. De Jong: “Taal is fansels wol in ding. Mar ús hjoeddeistige talen bestiene doe net. Wy ha der dêrom foar keazen de Friezen Nederlânsk prate te litten en de bûtenlanners Ingelsk. Yn ynternasjonale films is soks net nuver. Dat joech ús ek de kâns ferneamde akteurs fan oer de grins oan te lûken.” Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de rolbesetting. Lês hjirre wat It Nijs earder oer de film en relatearre ûnderwerpen skreau.

juny 17, 2018 20:45
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erwin2. 0 juny 18, 16:30

    Fuck you Alex. Hoe kinst ús kening foar Nederlânske doeleinen misbrûke!

  2. Jan Bensliman juny 20, 16:04

    Der is ek in tige moai iepenloft teaterstik yn Broeksterwâld

    https://www.webwerkt.nl/uncategorized/openluchtvoorstelling-redbad/

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.