Skaad-Bestjoersôfspraak Frysk foar deputearre Sietske Poepjes

juny 27, 2018 20:55

Hjoed (27/6) hat Geart Benedictus, foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging, op it Provinsjehûs yn Ljouwert de Skaad-Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer fan de Ried oan deputearre Sietske Poepjes oanbean.

De deputearre foar taal, media en kultuer hat de notysje mei nocht en wille oannommen. Se seit yn it neipetear ta om it dokumint yngeand te bestudearjen. Se nûget de leden fan de Ried út om yn de hjerst fierder te praten oer de útstellen yn de Skaad-BFTK, dy’t se daliks konsekwint Sinne-BFTK neamt. Se is bliid mei it feit dat der yn bredere rûnten en benammen fan ûnderen op meitocht wurdt oer de takomst fan it Frysk.

It is fansels wat nuver dat in skaad-BFTK oanbean wurdt, wylst de echte BFTK der noch net is. Hoe sit dat? Op dit stuit wurdt it belied oangeande de Fryske taal en kultuer noch hieltyd basearre op de BFTK 2013-2018. Ryk en Provinsje wurkje lykwols hurd oan in nijenien foar de perioade 2019-2023. De Ried is net op ’e hichte fan wat dêr krekt yn komt te stean. De Ried is ek net behelle yn diskusjes oer dy nije  BFTK. Dat feroaret hjoed dus.

De Ried hat wurdearring foar wat yn de hjoeddeiske BFTK oan ’e oarder komt en wat dien is, mar is tagelyk fan betinken dat it te min is. Der is noed dat soks yn de kommende BFTK net oars wêze sil. Dat hat makke dat de Ried opskreaun hat wat eins yn dy nije BFTK stean moat. Dat no in skaad-BFTK oanbean wurdt hat in doel. It soe ommers moai wêze as de doelen dy’t de Ried stelt noch fan ynfloed wêze kinne op de offisjele BFTK.

It is posityf dat de deputearre de skaad-BFTK daliks oannommen hat en dêr yn alle earnst nei sjen wol. De Ried is ree om de notysje ta te ljochtsjen en om mei de gearstallers fan de offisjele BFTK te praten, dat is wol dúdlik. De útnûging fan de deputearre om dêr yn de hjerst in petear oer te hawwen, wurdt daliks oannommen.

De bedoeling fan de skaad-BFTK is om oan te jaan dat yn Fryslân beide talen, it Frysk en it Nederlânsk, lykweardich binne, dat wa’t yn Fryslân wennet gewoan Frysk prate kinne moat en dat de media likefolle Frysk as Nederlânsk wêze moatte mei tagelyk folsleine Frysktalige en Nederlânsktalige media. Yn it neipetear komt fierder oan ’e oarder dat taal emoasje is, dat taal ekonomyske wearde ha moat en dat ûnderwiis ôfgryslik fan belang is.

Wa’t op ’e hichte wêze wol kin de RFFB BFTK, de Skaad-, nee de Sinne-BFTK oanklikke.

De foto’s binne fan Aant Mulder:
Boppe: De foarsitter fan de Ried, Geart Benedictus, rikt it earste eksimplaar út oan deputearre Sietske Poepjes.
Under: Mei-inoar yn petear nei oanlieding fan de Skaad-BFTK.
juny 27, 2018 20:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*