Simone Djurrema: It âlderwetske libben

juny 9, 2018 19:03

Kollum

Se wolle noch wolris sizze dat Fryslân wat efterrint op de rest fan Nederlân. Mar fan my mocht it noch wol wat mear! Net yn alles fansels, mar yn guon dingen wol.

Ik haw al ris skreaun oer it romantyske ienfaldige libben, oer ús houtkachels ensafoarthinne. Mar der binne ek noch oare dingen dy’t in protte minsken noch wol witte fan eartiids, dy’t we miskien bêst wol misse. Dy’t, as se der noch binne, faaks net te beteljen binne. Ik sil wat dingen opneame dy’t ik hjir dwaan kin en yn Fryslân folle minder, en dêrom wol útstoarn lykje. De doarren fan it slot litte kin nearne mear mei dy Easteuropeeske bendes. Dy hawwe spitigernôch sels de ôfhandige gebieten hjir yn Sweden ek al fûn, mar ik hâld it by dingen dy’t hjir noch wol kinne.

Jimme witte út foarige ferhaaltsjes misskien noch wol dat wy in âlderwetse tûn mei beiestrûken en fruitbeammen hawwe. As ik wol en ik haw de tiid, dan kin ik mar raak plôkje en der fan alles mei dwaan; en oars is it foar de fûgels. Yn ’e bosken kin men folop boskbeien (blauwe én reade, dat binne de hjir sa bekende ‘lingon’) plôkje. In protte Sweden dogge dat noch hieltyd. Se meitsje it leafst sels harren ‘lingonsylt’, reade boskbeiejam foar by it fleis. Doe’t ik in lyts famke wie, hawwe wy wolris te toarnbeisykjen west. De harke en in amer mei. Ik fûn it prachtich, foaral as der wat mis gie! Mar der binne leau ik net safolle toarnbeien mear as doe en ek net mear safolle bern dy’t noch te plôkjen geane.

Yn it seisoen geane minsken hjir ek fanatyk te kantarellesykjen. Se plôkje sels de lytste bytsjes fuort, want stel dat in oar it plakje fynt! Dat minsken yn Fryslân poddestuollen plôkje haw ik noch nea fan heard. De soarten dy’t der foarkomme, sille wol makliker te betizen wêze mei giftige; mei kantarellen kin dat hast net. Ik wie al ris de bosk yn mei de app derby. As der in poddestoel wie dêr’t ik my net mei fersinne koe, naam ik him mei. Der stie ek in prachtige wite! Dy gie fuort yn ’e amer. Doe seach ik de app nochris goed nei en der stie Bynamme: deadspoddestoel by. Dy haw ik fuortdaliks ferneatige fansels dat der letterlik gjin spoar mear fan te finen wie om út te siedzjen!

In ferskil is dat de Sweden hast nea wat mei flearbeien dogge. Se brûke foaral de blommen. Komme jimme by Ikea, dan kin ik de Fläderblomsaft (ranja) tige oanriede. Mar it lekkerst is de selsmakke!

Doe’t wy bern wiene, giene myn freondintsje Ester en ik altyd te blomkeplôkjen. Yn ’e maitiid earst bûtergieltsjes en fioeltsjes, letter hynsteblommen. Dan hiene wy fansels de hannen swart! Alles wat yn Burgum te finen wie yn ’e buert fan ’e Bulthússingel moast mei. Dan seine ús âlden wolris dat ús hannen sa stean bliuwe soene om’t we der altyd blomkes yn hiene. Mar it wie koartlyn yn it nijs dat yn Nederlân alles fierstente bot ûnderholden wurdt. De bijen en de flinterkes komme yn gefaar. Hjir is gelokkich noch in protte dat net goed ûnderhôlden wurdt. Berms en fjilden fol blommen! In grut part fan it jier binne der altyd wol in soad soarten blommen yn ’e bloei. Ik kin bygelyks samar mei earms fol lupinen en moaie fjildblommen thúskomme of mei in hânfol wâldfamkes. Der binne genôch.

Doe’t wy yn it prachtige Garyp wennen mei Earnewâld fuortby, sieten wy midden yn de natuer. Se sizze altyd dat je de fyts of de auto mar hoege te pakken om derfan genietsje te kinnen, mar yn ’e praktyk wie it op de ien of oare manier wol oars. We hiene it faak te drok om dat ek werklik te dwaan. No hoech ik it finster mar iepen te setten en ik hear folle mear fûgels as ik ea tinke koe, ek as ik it drok haw. En ik hoech de doar mar út te rinnen en haw de bosk yn ’e eftertûn. En dochs, as dat yn Fryslân te beteljen west hie, as alles net sa fol minsken west hie…

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
juny 9, 2018 19:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.