Seespegel stiget flugger as tocht troch teiend iis Antarktika

juny 14, 2018 09:52

De seespegel stiget noch flugger as ûndersikers tochten, trochdat it iisferlies by Antarktika de ôfrûne tsien jier fertrijefâldige is. Dat docht bliken út in langduorjend ûndersyk fan IMBIE, in ynternasjonaal konsortsjum fan 84 wittenskippers. Eltse sekonde teit der in hoemannichte iis dy’t hast trije olympyske swimbaden fol wetter opleveret. De ûndersikers kombinearren satellytmjittings fan de romtefeartorganisaasjes NASA en ESA om ta dy konklúzje te kommen. Foar it earst sûnt 2012 komme sy mei nije resultaten.

Foto: morguefile.com

Yn de ôfrûne 25 jier hat it ôfteien fan Antarktika bydroegen oan in seespegelstiging fan hast acht milimeter. Dat liket miskien te ferwaarleazgjen, mar it ûndersyk fan IMBIE lit sjen dat fjirtich persint dêrfan yn de lêste fiif jier bard is. It teien giet dus hieltyd hurder en dat is krekt dêr’t de wittenskippers noed oer hawwe.

Heechlearaar Michiel van den Broeke van de Universiteit Utert is ien fan de ûndersykslieders. Neffens him is it fan grut belang om it iisferlies better te begripen, sadat de takomst better foarsein wurde kin. Hy seit dat Antarktika genôch iis befettet om in seespegelstiging fan 58 meter te feroarsaakjen. Dat sil net fan hjoed op moarn barre, mar it iisferlies giet wol hieltyd hurder. Foar de Nederlânske kust is de stiging fan acht milimeter oant no ta gjin grut probleem. “It is wol fan belang om te witten hoefolle seespegelstiging Nederlân oankin en hoe fluch wy ús oanpasse kinne”, seit Van den Broecke.

It grutste iisferlies komt fan de ûnbidige Pine Island-gletsjer en de Thawaites-gletsjer op West-Antarktika. East-Antarktika lit noch gjin iisferlies sjen. Mei dit ûndersyk wurde de gefolgen fan klimaatferoaring hieltyd dúdliker. It útstjitten fan broeikasgassen, lykas CO2 laat ta de opwaarming fan de ierde. “Njoggentich persint fan dy waarmte wurdt opnaam troch de oseaan. Antarktika is dêr foaral gefoelich foar”, seit Van den Broecke. Waarmer wetter makket dat de hûnderten meter tsjokke iisplaten fan ûnderen ôf teie.

Op in beskaat stuit wurdt der in kantelpunt berikt en dan kin it teien net mear tsjinholden wurde en is der gjin weromwei mear. Van den Broecke: “It Klimaatakkoart fan Parys stribbet nei it beheinen fan de opwaarming fan de ierde oant maksimaal 2° graden Celsius. It is net dúdlik oft dat foar Antarktika genôch is. Wy kinne no noch net krekt foarsizze wat de maksimale temperatuerstiging is dêr’t it kantelpunt by tefoaren kaam wurdt.” Neffens Van den Broeck is ûndersyk nei de Súdpoal hurd nedich.

juny 14, 2018 09:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.