Rapporteur fan de Feriene Naasjes yn Ljouwert

juny 29, 2018 08:36

Fernand de Varennes is troch de Feriene Naasjes oansteld as rapporteur oangeande minderheden. Hy hie in soad wurdearring foar inisjativen dy’t fan ûnderen op nommen wurde, lykas it Minority SafePack Initiative fan de FUEN, mar helpt it?

Pier Bergsma

De Varennes wie ien fan de sprekkers op it Europeeske FUEN-kongres dat fan woansdei 20 oant en mei saterdei 24 juny yn Ljouwert organisearre waard yn de mande mei de Ried fan de Fryske Beweging. Mear as twahûndert minsken kamen nei Ljouwert om dy jierlikse FUEN-konferinsje by te wenjen, minsken út 33 lannen dy’t mei-inoar 98 organisaasjes fertsjintwurdigen. Sa wiene der bygelyks dielnimmers út Albanië, Kroäsië, Estlân, Baskelân, Kataloanië en Ruslân (út Sibearië), om mar in pear foarbylden te neamen.

Pier Bergsma

Oer de FUEN
Nei de twadde wrâldoarloch wie der yn Europa ferlet fan gearwurking tusken de lannen. Sa waard bygelyks yn 1949 de Ried fan Europa oprjochte. Dêrfan binne op dit stuit sa’n fyftich lannen lid, folle mear dus as fan de Europeeske Uny. In oare organisaasje dy’t yn datselde jier oprjochte waard, is de FUEN, de Federal Union of European Nationalities, dy’t oprjochte waard yn Versailles. It is de grutste organisaasje dy’t opkomt foar minderheden yn Europa en dan giet it benammen om de rjochten op it mêd fan kultuer en taal. De Ried fan de Fryske Beweging wie der al in pear jier earder, nammentlik yn 1945. Op inisjatyf fan de Ried waard de earste gearkomste fan de FUEN yn 1950 yn Ljouwert holden. Dêrnei hat de FUEN noch in pear kear yn Fryslân west. Doe’t Ljouwert yn septimber 2013 ferkeazen waard ta kulturele haadstêd, hat de Ried fan de Fryske Beweging fuort en daliks aksje ûndernommen en de FUEN útnûge om syn jiergearkomste fan 2018 hjir te hâlden.

Fryslân en de Ried
Neist de offisjele gearkomste foar de oansletten organisaasjes, dy’t neffens de tradysje op saterdei holden wurdt, wie der yn de dagen foarôfgeand in tige nijsgjirrich programma troch de Ried gearstald. Net allinne mei praterij, mar ek om wat te sjen fan Ljouwert en Fryslân. Wy giene op freedtejûn 22 juny mei trije bussen en 170 minsken nei restaurant de Princenhof yn Earnewâld. “Wat is it hjir oeral plat en grien”, sei ien fan de dielnimmers út Kroäsië tsjin my.

Oan de reaksjes te fernimmen hawwe wy it de minsken mei it ûnderkommen yn it WTC, mei alle presintaasjes, mei it optreden fan de Gerrit Heeringa’s brassband by de iepening, mei it optreden fan dweilorkest de Menaemer Feintsjes op de earste jûn, mei de rûnliedingen troch Ljouwert op saterdeitemiddei, by Lân fan Taal op freedtemiddei, mei de muzyk fan Geartsje Zwerver, de Fryske tsiis en woarst en net te ferjitten de oranjekoeke, goed nei it sin makke.

“Wat is it hjir oeral plat en grien”

Mar dêr gie it net yn it foarste plak om. Fierwei it grutste part fan it programma wie útlutsen foar, sa’t it yn it tema fan dit jier stie: The message of a million: recognisition and protection. Mear as in miljoen hantekeningen út hiel Europa wei om by de Europeeske Kommisje en de Ried fan Europa mear omtinken as no foar it minderhedebelied te krijen. Net allinne op Europeesk nivo, mar ek op it nivo fan de lidsteaten. Sa waard der bygelyks wiidweidich diskusjearre oer nije mooglikheden foar de beskerming fan minderheden en krigen wurkgroepen fan de FUEN de kâns om mei-inoar te oerlizzen, bygelyks oer de fersterking fan it ûnderwiis.

Geart Benedictus

Fryske Organisaasjes
Op freed kamen in grut tal Fryske organisaasjes oan bar om Fryslân en it Frysk foar de Europeeske gasten te presintearjen. Ljouwert-Fryslân 2018 mei Oeds Westerhof, Lân fan Taal mei Bert Looper, Dingtiid mei Hanny Elzinga en Mercator mei Cor van der Meer. Frysk en it tema meartaligens waard besprutsen troch Goffe Jensma fan de RUG, Alex Riemersma fan de NHL en Joana Duarte fan de Fryske Akademy. Middeis kaam Eelke Goodyk mei in presintaasje oer it Taalsintrum yn Drachten en Jitske de Hoop mei byld en lûd oer Omrop Fryslân. De Ried fan de Fryske Beweging waard foar it fuotljocht brocht troch ús foarsitter Geart Benedictus. Foar him de twadde kear, want by de iepening fan it kongres op tongersdei hie er al in tige humoristyske bydrage oer Fryslân, mei omtinken foar it Fryske fee.

Al mei al kin de Ried fan de Fryske Beweging weromsjen op in tige slagge kongres. Boargemaster Ferd Crone en Deputearre Sietske Poepjes, dy’t beide sprutsen, kinne bliid wêze mei de komst fan de FUEN nei Fryslân. Foar wiidweidige ferslachjouwing kinne jo terjochte by de FUEN sels dy’t mei foarsitter Loránt Vincze mei Ljouwert in goede kar makke hat.

Om werom te kommen op it belang dat de Varennes jout oan it ‘Fan ûnderen op’: hoewol’t de stipe foar de aksje foar it Minority SafePack Initiative neffens ús te lyts wie – wy hellen mar in 3000 hântekeningen op – sjogge wy syn útspraak as in stipe om troch te gean mei ús krewearjen foar Fryslân en it Frysk. De provinsje en de profesjonele ynstituten kinne noch safolle harren bêste dwaan, sûnder de Fryske befolking sels wurdt it neat. De Ried fan de Fryske Beweging besiket dêr partij by te wêzen.

 

Pier Bergsma is bestjoerslid fan de Ried fan de Fryske Beweging.
Foar in fraachpetear mei him oer it FUEN-kongres mei Omrop Fryslân: Tsientallen taalminderheden út Europa byinoar op kongres yn Ljouwert.

Foto’s: Aant Mulder

juny 29, 2018 08:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.