Protte deaden troch lavastream nei fulkaanútbarsting Guatemala

juny 4, 2018 08:38

Foto: Wikipedia

Yn Guatemala binne yn elts gefal 25 minsken om it libben kaam by in fulkaanútbarsting. Hûnderten minsken rekken ferwûne en goed trijetûzen minsken waarden evakuearre út omlizzende doarpen. De fulkaan Fuego, sa’n fjirtich kilometer besúdwesten fan haadstêd Guatemala-Stêd, spuit lava en hjitie jiske út. In lavastream is it doarpke Rodeo ynstreamd. “Der binne dêr ferwûne, ferbaarnde en deade minsken”, hat it haad van de helptsjinsten op de Guatemaleeske radio sein. Earder dit jier barste de Fuego ek al út.

De doarpsbewenners waarden oerfallen troch de flugge en hevige útbarsting fan de fulkaan. Fjouwer minsken kamen om it libben doe’t in hûs flam fette troch de hjitte fan de lavastream. Twa bern ferbaarnden doe’t se de útbarsting fan in brêge ôf beseagen. Ien slachtoffer waard fûn troch brânwachtlu en ferstoar letter yn de ambulânse.

Fanwege de fulkaanútbarsting is it fleanfjild fan Guatemala-Stêd ticht. Troch de fulkanyske jiske yn ’e loft is fleanen gefaarlik, om’t de jiske de wurking fan fleantúchmotoaren fersteure kin. Dêrneist leit der in protte jiske op de iennige lâningsbaan, wêrtroch’t dy net brûkt wurde kin. De jiskewolk waait rjochting Guatemala-Stêd. De autoriteiten riede minsken oan om maskers te dragen.

juny 4, 2018 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.