Presintaasje ‘Beafeart nei Saint-Martin’ – Rink van der Velde

juny 7, 2018 19:15

Boekoankundiging

Tongersdei 14 juny presintearret Utjouwerij Bornmeer Beafeart nei Saint-Martin, de werútjefte fan de tredde Fryske roman van Rink van der Velde. De presintaasje fynt plak by Café Marktzicht yn Drachten en begjint om 17.00 oere. It earste eksimplaar sil offisjeel oanbean wurde oan Tom van Mourik, boargemaster fan Smellingerlân. Yn Smellingerlân wurdt fan 14 oant en mei 23 juny de Wike fan Rink holden ta eare fan de Fryske taal en literatuer en it libben en wurk fan Rink van der Velde.

It boek giet oer in Fryske sjoernalist dy’t in beafeart ûndernimt nei Saint-Martin. Yn de oarlochsjierren hat er, as finzene fan de Dútsers, yn it konsintraasjekamp fan Troyes sitten. Mei help fan de Maquis, de Frânske ûndergrûnske, koe er flechtsje. Heal as ûnderdûker, heal as partisaan hat er de lêste moannen foar de befrijing taholden op it lytse boerespultsje Ferme la Vacherie op it Frânske plattelân.

Dêr hat er kunde krigen oan Krysta, de jongfaam dêr’t er mear fan holden hat as fan de Fryske frou dêr’t er letter mei troud is. Mar it is net allinne om Krysta – yntusken ek al lang troud – nochris wer te moetsjen dat er krapoan tweintich jier letter syn beafeart oangiet. It is foaral ek om ferantwurding ôf te lizzen oer neambere en ûnneambere skuld dêr’t er sûnt dy tiid altyd mei ompakt hat.

Rink van der Velde (1932-2001) is ien fan de populêrste Fryske skriuwers fan de 20e iuw. Neist syn wurk as sjoernalist skreau er ferskate romans, lykas De fûke en Feroaring fan lucht, en ferhalebondels mei kroechferhalen en it nijs út Bokwerder Belang. Yn syn boeken sette Van der Velde gewoane minsken yn in bysûnder ljocht, en troch syn gefoel foar humor en skerp each foar maatskiplike ferhâldingen is syn wurk hjoed-de-dei noch hieltyd tige lêsber. Beafeart nei Saint-Martin ferskynde foar it earst yn 1965.

Foar de werútjefte is it oarspronklike omslachûntwerp fan Meinte Walta op ‘e nij brûkt. It boek is omstavere troch Martsje de Jong.

Beafeart nei Saint-Martin fan Rink van der Velde is te keap by de boekhannel en by Utjouwerij Bornmeer 

ISBN: 978 90 5615 4646
Siden: 174
Utfiering: paperback
NUR: 524
Taal: Frysk
Priis: € 15,00

Utjouwerij Bornmeer, Hellingbaas 1, Gorredijk | T. 0513 490 319 – info@bornmeer.nl – www.bornmeer.nl

juny 7, 2018 19:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.