Potatoes go Wild

juny 8, 2018 15:28

44 keunstners út fjouwer Fryslannen eksposearje op de Aldebildtdyk

Projektbyld Fruchtbere Grônd

De Aldebildtdyk hat fan 21 juny oant en mei 15 july in eigen keunstrûte. Under de titel Fruchtbere Grônd wurdt op tongersdei 21 juny yn sân jirpelskuorren op dy ‘langste strjitte fan Nederlân’ in útstalling iepene. De keunstners komme út West-Fryslân, Fryslân en it Dútske East- en Noard-Fryslân. De keunstners hawwe har ynspirearje litten troch de omkriten. Fruchtbere Grônd is organisearre troch Stichting De Bildtse Aardappelweken (BAW) en makket diel út fan it Kulturele Haadstêd 2018-projekt ‘Potatoes go Wild’.

Anita van Os, eigener fan Galerie de Roos fan Tudor yn Ljouwert en konservator fan de Keunstmoanne it Amelân yn 2013 oant en mei 2016, hat de útstalling gearstald. De boerepleatsen binne fergees tagonklik. Ferspraat by de Aldebildtdyk del steane ek mear as tritich bylden, benammen yn de foartunen fan de monumintale buorkerijen. Dy bylden binne oant 10 septimber te besjen.

Stichting BAW wol mei syn programma Potatoes go Wild yn 2018 sjen litte dat keunst yn relaasje ta lânbou ta taastbere antwurden en mear begryp tusken boer en konsumint liede kin. Dêrom iepenje boupleatsen letterlik harren skuordoarren foar it publyk. Ferskate keunstners komme op lokaasje te arbeidzjen. Yn de skuorren binne demonstraasjes fan ferskillende keunstfoarmen, dichters en artysten trede op en der wurde lêzingen by de útstallingen holden.

Dielnimmende keunstners yn de skuorren binne: Johan van Aken, Pedro Bakker, Elena Steinke (Noard- Fryslân), Fred Thoolen, Jan Hofman, Manuel Knortz (Noard-Fryslân), Herman van der Made, Saskia Wagenvoort, Yvonne Alting (West-Fryslân), Karin Mennen (East-Fryslân), Monique Verbruggen en Tineke van Montfort, Anne Feddema, Pieter Postma, Fabian Vogler (Noard-Fryslân) , Wil van Blokland (West-Fryslân), Grietje Huisman, Hauke Jessen (Noard-Fryslân), Gerrit Wijngaarden, Barteld Evenhuis en Lotte Middendorp.

Byldhouwers bylderûte: Joop van Bergen, Juul Bogemann (West-Fryslân), Gosse Dam, Ruth Vulto Gaube, Uta Grams (East-Fryslân), Marco Goldenbeld, Evert van Hemert, Peter Hiemstra, Hans Jouta, Jos Kaarsemaker (West-Fryslân), Jan Ketelaar, Peter Koelemeijer (West-Fryslân), Karianne Krabbendam, André van der Linden, Mai Movrin (West Fryslân), Frans Ram, Hanshan Roebers, Hanneke Roelofsen, Eja Siepman, Gerrit Terpstra, Oene van der Veen, Auke Wassenaar, Leonard Wübbena (East-Fryslân).

Op www.baw.frl is mear oer de aktiviteiten fan Potatoes go Wild/BAW te sjen.

juny 8, 2018 15:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.