Plom foar twa bedriuwen om brûken Frysk

juny 18, 2018 18:11

© It Nijs

De Ried fan de Fryske Beweging hat ferline wike oan twa bedriuwen in plom jûn foar it ûnderskiedend brûken fan de Fryske taal. It is te rêden om Noordenbos Leanbedriuw yn Wyns en om Pankoekrestaurant De Duivelsberg yn Berg en Dal. Beide bedriuwen jouwe in goed foarbyld, sa fynt de Ried.

Troch Noordenbos wurdt it Frysk op in neffens de Ried ‘natuerlike en fanselssprekkende wize’ brûkt. Advertinsjes binne yn it Frysk, krekt lykas rekkens en nijsbrieven. Wylst de measte bedriuwen in Nederlânsktalige webside hawwe of ien mei twa talen dêr’t de klant tusken kieze moat, doar Noordenbos it oan mei in folslein Frysktalige webside. Klik hjir foar dy side. De Ried fynt dat Noordenbos in fisitekaartsje foar it Frysk yn it MKB ôfjout en hopet dat dat oare bedriuwen ynspirearje sil.

© It Nijs

De minsken fan De Duivelsberg binne, hoewol’t it restaurant fier bûten Fryslân stiet, net te benaud om de Fryske taal oan de gasten sjen te litten. Soks, neffens it oardiel fan de Ried, op subtile wize, sûnder opkringerich te wurden: in pear nammen op de menukaart, wat spreuken oan it lewant – mei oersettings efter de hân foar it Nederlânsktalich personiel om gasten dy’t nei de betsjuttings freegje te ynformearjen – en oantsjuttings foar de húskes dy’t foar net-Frysktaligen lykwols skoan te begripen binne. Sjoch de fotootsjes by dit berjocht.

© It Nijs

De Ried skriuwt fierder: “Om’t jimme mear mei it Frysk dogge as in protte hoareka yn Fryslân hopet de Ried dat jim foarbyld neifolging krije sil. Benammen it jier dat Ljouwert Kulturele Haadstêd is fan Europa en in protte toeristen spesjaal dêrfoar nei Fryslân tsjogge, foarmet útsoarte in gelegenheid om mei it Frysk ús kulturele rykdom oan de wrâld sjen te litten. Binnen Fryslân kin dat ek minder hoeden as yn de omkriten fan Nijmegen. Tink bygelyks oan meartalige menukaarten en ûnderlizzers mei in wurdsje Frysk foar toeristen.”

De plommen binne nei alle gedachten net los te sjen fan in oprop oan it bedriuwslibben dy’t de Ried fan de Fryske Beweging okkerdeis die: sjoch dit berjocht. De oanbelangjende plombrieven binne hjir te besjen:

Plombrief Leanbedriuw Noordenbos 14-06-18

Plombrief De Duivelsberg 14-06-18

juny 18, 2018 18:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*