Omstriden learareregister foarearst fan de baan

juny 11, 2018 09:12

Leararen wurde dochs net twongen harren fakbekwaamheid mei diploma’s en byskoalling iepenbier te meitsjen. Minister Slob foar Basis- en Fuortset Underwiis set foarearst in streek troch it omstriden nasjonale learareregister, dat dosinten ferplichtet harren fakkundichheid oan te toanen.

Foto: pixabay.com

It learareregister bestiet al, mar is frijwillich. De ferplichte ynfiering, fan 1 july ôf, is in plan fan earder VVD-steatssekretaris Dekker. Hy neamde it in “stok efter de doar” om foar te kommen dat leararen sûnder diploma’s foar de klasse stean. It grutte leararetekoart twingt skoallen leararen oan te nimmen dy’t noch net de juste diploma’s helle hawwe.

It plan late ta in protte protest. Skoallen en dosinten neamden it systeem te folle fan boppe ôf oplein. De Steatsrie wie yn 2016 al kritysk en betitele it plan om leararen harren foech om les te jaan ôf te pakken as “ûnwurkber”. De Steatsrie advisearre om earst it leararetekoart oan te pakken.

juny 11, 2018 09:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.