Omrop Fryslân komt mei berneprogramma moarns betiid

juny 30, 2018 15:33

Yn it ûndersyk, dat dien is yn opdracht fan Omrop Fryslân SkoalTV, joegen de measte âlden oan dat se graach moarns in berneprogramma op telefyzje hawwe wolle. In respondint lit bygelyks wit: “Moarns betiid is der net in soad op telefyzje foar myn dochter. Mar krekt dan hawwe wy der wol ferlet fan.” Mei it nije deistige programma spilet Omrop Fryslân dêrop yn.

Magazineprogramma fan in oere
Sokkebalje is in magazineprogramma mei in samling fan âlde en nije programma’s. It giet om programma’s lykas Tomke, Bear Boeloe, Wat tekenje ik, Kening Hert & Harry Hazze, WitWat en Skik. Sokkebalje is in programma fan in oere. Dy lingte is ek keazen op basis fan de winsken fan âlden dy’t út it ûndersyk nei foaren komme: “Moarns as myn soan wekker wurdt, set er faak de telefyzje oan. Hy sjocht dan ûngefear in oere telefyzje en dêrnei begjinne wy rêstich mei de dei.”

Sokkebalje is fan 1 july ôf alle dagen fan 6.00 oant 9.00 oere te sjen op telefyzje by Omrop Fryslân. Alle berneprogramma’s fan Omrop Fryslân binne ek online te finen op Skoal.tv.

juny 30, 2018 15:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.