Oerlibbingspak

juny 23, 2018 06:56

troch Jabik van der Bij

Fan ’e wike ha wy yn Fryslân út alle hoeken en hernen fan Europa wei folk oer de flier. De FUEN is foar syn jierlikse konferinsje yn it WTC-hotel yn Ljouwert delstrutsen. Dat giet oan hast alle Friezen foarby, útsein in hantsjefol Fryske Bewegers. Der sille ek net folle minsken witte wêr’t FUEN foar stiet. It is de ôfkoarting fan Federal Union of European Nationalities. Foar in grut part ha hast alle minderheden yn Europa har dêrby oansletten, yn totaal sa’n njoggentich organisaasjes. Om in pear te neamen: de Deensktaligen yn it noarden fan Dútslân, de Dútsktaligen yn Ruslân, de Sorben yn Dútslân, de Bretonnen út it Frânske Brittanje, mar ek de Sinty en Roma binne fertsjintwurdige. De lêsten ha it bot dreech, trochdat se ek noch oer hiel Europa ferspraat libje en tige lêst ha fan diskriminaasje.

De Ried fan de Fryske Beweging – ien fan de âldste leden fan de FUEN – hat nei achttjin jier (2000 op It Hearrenfean) wer de eare om gasthear te wêzen yn it jier dat Ljouwert-Fryslân kulturele haadstêd fan Europa is. De konferinsje is woansdei begûn en duorret oant en mei sneon. Ik ha my fertelle litten dat der sa’n twahûndert konferinsjegongers binne, allegearre fertsjintwurdigers fan harren eigen minderheidstaal. Der wurdt meast Ingelsk en Dútsk praat, mar der binne noch altyd guon efter it eardere Izeren Gerdyn wei dy’t allinne har eigen taal en it Russysk machtich binne. Der sit dêrom in hiel rychje tolken efter yn de konferinsjeseal.

Doel fan de jierlikse gearkomsten is útwikseling fan tinkbylden en wurkwizen om de eigen memmetaal oerein te hâlden. Fansels wurdt ek in protte praat oer de swierrichheden dy’t se op har paad fine yn de striid foar de eigen taal en kultuer. Hiel faak wurdt ferteld dat alle krewearjen eins net opkeare kin dat it mei de lytse taal stadichoan efterút giet. Guon talen binne op stjerren nei dea, bygelyks it Sealterlânske Frysk, krekt oer de grins by Leer. Dêr binne noch mar sa’n twatûzen Sealterskpraters oer. Gâns steviger steane de Hongaarskpraters yn Roemenië en de Katalanen yn Spanje derfoar. By de lêsten ha wy it oer miljoenen Katalaanskpraters.

It wichtichste ûnderwerp dit jier op de konferinsje is wat se neame Minority SafePack. It begyp is net maklik oer te setten. It wurdt hast yn alle talen brûkt sûnder fertaling. Miskien komt in oerlibbingspak foar minderheden it itichst yn ’e buert. De FUEN hat it inisjatyf nommen om de posysje fan de minderheden yn Europa op de politike aginda fan it Europeeske parlemint te krijen. Wat kin der dien wurde om de taal en kultuer fan dy minderheden te beskermjen en te helpen yn har fuortbestean. In jier as wat lyn ha ik mei west om se yn Brussel waarm te meitsjen foar de minderheden yn Europa. Ik waard freonlik oanheard, mar it bleau by de fraach: “Ut namme fan hoefolle minsken prate jimme?” Dat hat de FUEN net op him sitte litten. As men se yn Brussel/Straatsburg oan it wurk ha wol, dan moat men mei minstens in miljoen hantekeningen komme. Ofrûne winter is der rûnom yn Europa skrept om dy byinoar te swyljen. Dat is slagge. Mei-inoar binne it 1.320.053 wurden. En dus waard der tongersdei in feestje fierd. Grutsk waard de oanwêzige politisy foarhâlden dat se der no net ûnderút kinne om it op har wurklist te setten. Wat my wol opfoel wie dat der no noch praat wurde moast oer de strategy. It like hast as wie it bestjoer fan de FUEN wat mei syn eigen sukses oan. Mar hawar, de miljoen is helle.

Fansels waarden alle skreppers dy’t har bêst dien hiene om de hantekeningen byinoar te krijen betanke. Benammen de eastlike lannen krigen in protte lof taswaaid. De kampioen yn it sammeljen wie Hongarije mei hast de helte fan alle hantekeningen (643.793), Roemenië (300.962) en Italië (80.739) spilen net swak by. Dêr stekt Nederlân mei syn 3.162 hantekeningen negatyf by ôf. It folsleine oersjoch is te finen op http://www.minority-safepack.eu. Dochs hie ik wat in frjemd gefoel by it getal fan Hongarije. Wat sit derefter dat entûsjasme fan de Hongaren foar dy Safepackaksje? Is it it âlde sear oer de Hongaarske minderheid yn de westlike Karpaten? En hoe is dat te rymjen mei dat dûbele stek dat se om harren lân hinne set ha om flechtlingen bûten de doar te hâlden? Hongaren binne dochs foar mear romte foar de eigen minderheden yn de buorlannen? Mar litte se oaren dy’t yn de nederklits sitte, ferkommerje? It is dochs net it nasjonalisme fan de Hongaren dat harren sa oanset om yn aksje te kommen? Hoe’t it krekt sit wit ik net. It is net sa maklik om yn ’e siel fan in oar folk te krûpen. Tagelyk moatte wy wol fêststelle dat de Friezen of de Nederlanners yn it algemien it wol wat sitte litten ha. Der is oars wol in protte reklame makke foar de aksje. Oft dy in protte minsken berikt hat haw ik myn fraachtekens by. It wol my net rjocht oan dat it komt troch de ûnferskilligens foar it Frysk en de oare lytse talen yn ús lân oer.

Myn wat mineure stimming sloech tongersdei om yn in gefoel fan hoop en perspektyf, doe’t de kommende foarsitter fan de YEN (de jongereinorganisaasje fan de FUEN) wat sei oer har eigen eftergrûn. It begûn neutraal mei de meidieling dat har minderheid as Dútsers yn Ruslân it faak hiel dreech hat. Harren wurdt noch altyd neidroegen wat der yn de Twadde Wrâldoarloch bard is. “De steat Dútslân hat ferskriklik húsholden yn Ruslân, mar dat is ús skuld dochs net? Wy binne al hûnderten jierren Russen, ek al prate wy Dútsk.” Doe kearde se har nei de Russen út Letlân en sei dat se begryp hie foar de drege situaasje dêr’t dy yn sieten. Dat dy hast al har rjochten kwyt rekken en as tredderangs boargers behannele wurde. En doe waard se suver emosjoneel, doe’t se sei dat se de Russen yn Letlân in protte sterkte tawinske en mei harren meilibbe. It wie in oprjochte gjalp út it hert fan immen dy’t har belutsen fielt by oaren dy’t it dreech hawwe. Dat jongfrommes brocht ûnder wurden wêr’t it eins om draait yn de FUEN en de YEN: de frijheid foar ússels gunne wy in oar krektgelyk. Mei dat soarte jongfolk hawwe FUEN en YEN in takomst.

juny 23, 2018 06:56
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Redbad juny 26, 11:46

    De YEN hat krekt sein wêrom it giet: steaten binne it grutte kwea mei harren stribjen en twingen nei ienfoarmigens binnen geografysk en histoarysk tafallige grinsen. Ek hjir jildt: folg it jild en de macht en sjoch wa sist dat dat sa moat. Lit ús de steaten YENnen en stribje nei regionalisearing yn plak fan globalisearring.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.