‘Oaze Oranjewâld’ – natuer en fokus yn Museum Belvédère

juny 16, 2018 09:52

Fan 23 juny o/m 23 septimber 2018 te sjen

Oaze Oranjewâld is in ferrassende en fariearre útstalling oer natuer en natuerbelibbing, dy’t te sjen is yn Museum Belvédère en Bûten Oranjewâld. Yn it museumgebou wurdt omtinken jûn oan moderne en eigentiidske byldzjende keunst, mei floara en fauna as ûnderwerp. It ynternasjonale fotofestival Noorderlicht fersoarget mei IN VIVO it oandiel fotografy. Beide presintaasjes binne organysk mei-inoar ferfrissele.

Jasper de Gelder – Thornback rays, oaljeferve op doek (foto: Museum Belvédère)

Museum Belvédère
Museum Belvédère leit beskade yn it bûtengebiet fan Oranjewâld. Yn in mearsidige groepsútstalling wurde wurken toand fan hjoeddeiske keunstners dy’t de natuer earje yn ferskate dissiplinen. Dielnimmers binne: Jeroen Allart, Arjan van Arendonk, Peter Bastiaanssen, Alice Brasser, Daniëlle van Broekhoven, Ton Broekhuis, Caroline Coolen, Boudewijn Corstiaensen, Alida Everts, Jasper de Gelder, Lauren Hillebrandt, Arja Hop & Peter Svenson, Margot de Jager, Hannie Kamstra, Peter Keizer, Lolkje van der Kooi, Gosse Koopmans, Sandra Kruisbrink, Couzijn van Leeuwen, Jorn van Leeuwen, Marc Mulders, Linda Nieuwstad, Jet Nijkamp, Jet van Oosten & Dineke Oosting, Olphaert den Otter, Anke Roder, Jacobien de Rooij, Caroline Serton, Taco Sipma, Coen Vunderink, Isabella Werkhoven en Ronald Zuurmond.

Direkteur-konservator Han Steenbruggen: “Mei syn bosken en wetterstreamen stiet Oranjewâld model foar hast alle yn Nederlân foarkommende, troch minskehannen foarme natuer. In protte fan ús kennis oer dy Nederlânske lânskippen leit ferankere yn de plaatsjesalbums dy’t de firma Verkade oan it begjin fan de foarige iuw fersprate. Dy albums meitsje diel út fan de útstalling en lizze de ferbining tusken de eigentiidske keunst binnendoar en de werklike natuer bûtendoar.”

Henricus Rol – Hoefblad (foto: Zaans Museum)

Bûten Oranjewâld
Yn it sfearfolle lânhûs fan Bûten Oranjewâld stean de natueralbums sintraal dy’t de firma Verkade tusken 1905 en 1938 ferskine liet. De ynformative teksten fan Jac. P. Thijsse en de hege kwaliteit fan de yllustraasjes (fan ûnder oaren Jan Voerman jr., Willem Wenckebach, Cornelis en Henricus Rol) soargen derfoar dat de albums al gau in populêr sammelobjekt wiene. By Oaze Oranjewâld binne de akwarellen foar it earst sûnt lange tiid wer yn it iepenbier te sjen. It binne gjin ‘plaatsjes’ mear, mar wiere keunstwurken.

Bûten Oranjewâld
Lindeleane 1, 8453 JD, Oranjewâld
iepen fan sneon 23 juny o/m snein 15 july
op tiisdeis o/m sneins, fan 11.00 – 17.00 oere
moandeis ticht, yntree fiif euro de persoan
www.landgoedoranjewoud.com

Noorderlicht
Mei IN VIVO, de 25e Noarderljocht Ynternasjonale Fotomanifestaasje, giet Noarderljocht yn op de dûbelsinnige relaasje tusken minske en natuer. De eksposysje wurdt ynspirearre troch in rike tradysje fan natuerleafde en lit foto’s sjen fan konsintrearre skjintme, dy’t by neier ynsjen oantoane hoe bot oft ús natuerbelibbing regisearre wurdt troch ekonomyske, sosjale en kulturele aspekten. De ynfloed en oanwêzigens fan de minske lit amper romte foar ûnoantaaste natuer en dêr’t dy him noch liket te manifestearjen, geane fraach, oanbod en saaklike belangen oer syn besteansrjocht.

Oan IN VIVO dogge mei: Terje Abusdal, Catherine Balet, Lionel Bayol-Thémines, Sergio Belinchón, Alethia Casey, Jon Cazenave, Alejandro Chaskielberg, Juan Fabuel, Dana Fritz, Eddo Hartman, Michael Lange, Claire Laude, Karine Laval, Olivia Lavergne, Lisa McCarty, Francesco Merlini, Catherine Nelson, Daan Paans, Benedikt Partenheimer, Louis Porter, Sayler / Morris, Diana Scherer, Claudius Schulze, Tara Sellios, Christine Simpson, David Stephenson, Marvin Tang, Terri Weifenbach, Yelena Zhavoronkova en Thomas Zika.

De katalogus
It boek Oaze Oranjewoud omfettet 115 ôfbyldingen – dêr’t de measte fan op wiere grutte binne – fan akwarellen fan Jan Voerman jr., Cornelis Rol en syn soan Henricus Rol. De kar fan de ôfbyldingen waard útmakke troch de floara en fauna dy’t foarkomt yn Oranjewâld, it lânskipspark dêr’t Museum Belvédère underdiel fan is. Alle blommen, flinters, planten, fûgels en oare bisten wurde yn de útjefte oantsjut mei harren Fryske, Nederlânske en wittenskiplike (Latynske) namme.

De ôfbyldingen út de Verkade-albums wurde yn de publikaasje ôfwiksele mei hjoeddeiske natuerfotografy fan Ton Broekhuis. Der is in seleksje makke út syn rige De bloei voorbij, mei foto’s oer fergean, ôfstjerren en ôfskied. By Oaze Oranjewâld fungearje se as krêftige hjerstaksinten middenmank blier, iertweintichste-iuwsk maitiids- en simmeroptimisme.

 

juny 16, 2018 09:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.