Oanmelding leveransiers iepene foar Kollektive Ynkeap Sinnepanielen yn Noard-Nederlân

juny 20, 2018 08:28

Op 11 juny is de Kollektive Ynkeap Sinnepanielen úteinset yn de provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân. De aksje wurdt organisearre troch Feriening Eigen Hûs, yn gearwurking mei iChoosr. Belangstellenden yn sinnepanielen wurde byinoarbrocht en ûntsoarge yn it oanskaffen fan in folslein systeem. Leveransiers dy’t de groep in sinnepanielesysteem oanbiede wolle kinne har no oanmelde.

Foto: pixabay.com

Minder wurk foar in grutte groep klanten
It kollektyf ynkeapjen jout leveransiers en ynstallateurs de kâns om in grutte groep klanten effisjint te betsjinjen. David Dalderup, saaklik manager kollektive ynkeap sinnepanielen: “Men kin yn ien kear, sûnder tiid en jild yn marketing en ferkeap te ynvestearjen, in grutte groep klanten helpe. As de klanten by de leveransier terjochte komme, hawwe sy al ‘ja’ sein tsjin in oanbod foar sinnepanielen. De leveransier kin him dêrtroch rjochtsje op datjinge dêr’t se goed yn binne: de útfiering.”

Kwaliteit boppe priis
Leveransiers dy’t ynteresse hawwe om mei te dwaan oan de Kollektive Ynkeap Sinnepanielen trochrinne in kwalifikaasjeproses. Dêrby leit de fokus foaral op kwaliteit. Sa komt ûnder oare it kontakt mei de klant oan bod, de produkten en de útfiering fan de ynstallaasjes.

Dalderup: “De kwalifikaasje is der om de kwaliteit fan it oanbod te garandearjen. Kwaliteit wurdt net opoffere foar lege prizen. De romte foar in leveransier om skerp te bieden, sit foaral yn de effisjinsje fan in kollektive ynkeap. Wy gean graach yn petear oer hoe’t it kollektyf dêrby helpe kin.”

Oanmelde
Leveransiers en ynstallateurs dy’t meidwaan wolle oan de Kollektive Ynkeap Sinnepanielen kinne harren foar 11 july oanmelde fia eigenhuis.nl/zonnepanelenleveranciers of frijbliuwend kontakt opnimme mei David Dalderup fan de Feriening Eigen Hûs op telefoannûmer +31 (0)6 – 48279557.

juny 20, 2018 08:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.