Nynke har plan (ferhaal)

juny 30, 2018 08:30

Resint ferskynd

Ferhaal fan Sjoerd F. Talsma

Nynke fûn der neat mear oan. As se thús kaam út skoalle wei, wie der meastal nimmen thús en moast se harsels mar rêde. Sels in kopke tee sette of in glês limonade pakke en in koekje of in stikje bôle. Oare klean oan en dan gie se te boartsjen mei har freondinnen. In inkelde kear gie se ek wol ris mei in freondinne nei hûs ta, mar dêr wie it faak net oars en wiene de mem en heit ek net thús. Meastal lei de kaai ûnder de matte en sa koene se dan yn ’e hûs komme. As it min waar wie, gie Nynke nei har keammerke en die se in spultsje op har kompjûter of se lies yn in boek of die de telefyzje oan, mar dêr fûn se meastal net folle oan alinne. Yn it wykein wie der altyd wol ferdivedaasje, want dan wiene heit en mem frij.

Mar heit en mem wenje net mear byinoar. Se kinne it net sa bêst mear mei-inoar fine, sizze se. Dêrom wenje se no apart en is Nynke de iene wike by har heit en de oare wike by har mem. Sa hawwe har heit en mem dat ôfpraat, want se hawwe der rjocht op om Nynke om bar te ‘hawwen’, sizze se. It is in hiel getsjoen en hinne-en-wergedoch, dan wer hjir en dan wer dêr en boppedat hat heit in nije freondinne. Hy moat sels mar witte fansels wat er docht, mar Nynke moast der tige oan wenne yn it begjin.

Nynke hat in soad dingen dûbel. Lykas in toskeboarstel by mem en ek ien by heit, mar sa is dat ek mei har pyama, kaam, himden, ûnderbroekjes en al sa mear. Ien foardiel koe Nynke wol neame, want twa kear yn it jier jierdei fiere, dat fûn se dochs wol aardich. Mar oer it algemien hie se it der mar dreech mei en fûn se it mar raar wêrom’t heit en mem net mear byinoar wenje woene. Neffens har dogge grutte minsken faak mar dreech. En by de iene mei se dingen wol en by de oare mei se dat wer net en se freget har ôf hoe’t dat wêze soe as se noch wol byinoar wêze soene, lekker mei harren trijen yn itselde hûs.

Op in dei naam se in beslút. Se hie der al efkes oer neitocht, mar it stie no fêst, se woe ek in eigen hûs hawwe. Sa’t it no gie, wie it har net nei ’t sin, want wêrom moast Nynke altyd ferhúzje en heit en mem net? It wie har skuld dochs net? Se stapte op in dei nei de boargemaster ta en lei har probleem oan him foar. Dy hie wol syn betinken deroer, mar woe har dochs wol helpe. It hie wol wat fuotten yn ’e ierde hân, mar Nynke krige in hûs fan de gemeente. No kaam se deis ek út skoalle wei en wie der nimmen thús, dus wat dat oangie wie der noch net folle feroare. Dochs fûn Nynke is sa better, want no wie se altyd yn har eigen hûs en hoegde se net hieltyd fan de iene nei de oare. Boppedat hie se in plan betocht en hope dat dat slagje soe.

Yn it begjin kaam har mem it iene wykein en har heit it oare wykein by Nynke, wylst sy lekker thúsbliuwe koe. Nynke sei tsjin har heit en mem: “Jim kinne tenei wol by my komme yn it wykein. En dan net ien foar ien, mar tagelyk, dan binne wy lekker mei ús trijen byinoar.” Heit syn freondinne wie it der net mei iens dat har heit yn it wykein net thús wie. Se hiene der nochal wat spul om hân, mar heit hie Nynke har kant keazen en dêrom wie de freondinne mar by har heit weigien. Nynke fûn dat hielendal net slim.

Sa wie it mar moai oplost, neffens Nynke. It hat in hiel skoft duorre, mar heit en mem hiene allebeide skjin harren nocht fan dat hinne-en-werjen. Mei in tas fol guod nei Nynke ta en de sneintejûns wer nei harren eigen stee wie net krekt wat se woene. It foel harren raar ôf, mar se koene it foar Nynke ek net meitsje om wei te bliuwen, want dy hie noch sein dat se der rjocht op hie om har heit en mem geregeld te ‘hawwen’.

Mem bleau ek wol ris in hiele wike oer en dat fûn Nynke wol moai, want de hiele wike hielendal allinne te wêzen wie ek net alles. Nei in skoft siet it ritme der al goed yn en stadichoan fûnen har heit en mem it ek net sa ferfelend mear om nei harren dochter ta te gean. Har heit en mem koene no wer goed mei-inoar, wûnder boppe wûnder, en dat fûn Nynke al sa moai. It foldie sa goed dat heit en mem aloan mear by Nynke yn ’e hûs wiene, dat se hawwe mar besletten om by Nynke te bliuwen.

Earst hat mem har wenning by de wenningstifting opsein en in foech healjier letter har heit ek. Hja wenje no mei harren trijen by Nynke yn ’e hûs. En dat is krekt wat Nynke woe. It is no wer gesellich en heit en mem binne sa ek wer byinoar. Mem is opholden fan wurkjen en as Nynke út skoalle komt, dan stiet der tenei in kopke tee mei in lekker koekje klear en is der wer gesellichheid. As grutte minsken it net kinne, dan moatte de bern it mar dwaan, sa wie Nynke derfan en se fynt dat har plan mar goed slagge is. It neidiel is wol dat har jierdei tenei mar ien kear mear fierd wurdt, mar och, dat is neffens Nynke neat net slim.

juny 30, 2018 08:30
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben juny 30, 19:12

    moai teltsje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.