Nij farwetter Suderburds Wiid iepene

juny 3, 2018 16:29

Der leit in nij stik farwetter midden yn Fryslân: it Suderburds Wiid. Sneon 2 juny wie de feestlike iepening mei in grutte float fan KZV Oostergoo en de wettersportferieningen út Grou, kommissaris fan de Kening Brok op it Steatejacht en in spektakulêre flyboardshow.

Deputearre Johannes Kramer: “Der leit no sa’n 25 bunder oan nij wetter tusken de Pikmar en de Sitebuorster Ie. De skûtsjes en oare wettersporters hawwe no folle mear romte op it wetter; romte om fan it wetter te genietsjen, mar ek fan de bysûndere natuer op de Suderburd.”

Ynlike winsk
In nij, en benammen rommer farwetter by de Burd wie al lang in winsk fan de Grouster wettersportferieningen. No’t it Suderburds Wiid der is, hoege al dy skûtsjes, sylboaten en oare wettersporters net mear allegearre troch De Tynje. Jetze van der Goot (foarsitter bestjoerskommisje Swette-De Burd): “Ik bin wiis mei it Suderburds Wiid. It jout in protte mooglikheden foar de wettersporters en de rekreaasje.”

Ynrjochting fan it projektgebiet
It Suderburds Wiid is ûnderdiel fan it werynrjochtingsprojekt Swette-De Burd. In projekt dêr’t natuer, lânbou, rekreaasje en wetter yn byinoar komme. It Swettegebiet en It Eilân binne al folslein ynrjochte en opnij ferkavele, en it wurk op it eilân de Burd is ek hast klear. Yn 2015 is it gemaal, dêr’t de wetterhúshâlding op de Burd mei op oarder kaam, oplevere. Yn de kommende wiken makket de oannimmer it wurk op de Burd ôf. Dan leit der sa’n 300 bunder nije natuer en is der sân kilometer oan wâlen en kaaien opknapt. Nei’t ferwachte wurdt, is it projekt nei de simmer fan 2018 klear.

juny 3, 2018 16:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.