Mazzelshop ‘Camping Totaal’ yn Ljouwert wint 17e telefyzjereklamepriis

juny 3, 2018 16:30

Ofrûne freed is bekendmakke dat de telefyzjereklamspot ‘Foar écht goed materiaal’ fan Mazzelshop ‘Camping Totaal’ yn Ljouwert de winner wurden is fan de 17e telefyzjereklamepriis.

Hûnderten stimmers hawwe harren stim útbrocht en koene in kar meitsje út trije nominearren. Njonken de Mazzelshop wiene dat: Bistepark Landgoed Hoenderdaell yn Anna Paulowna, mei it spotsje ‘De natuer kin sa moai wêze’ en fakânsjepark ‘Klein Vaarwater’, mei reklame ‘Magysk Amelân’. De telefyzjereklamespot fan de Mazzelshop waard in moanne lyn nominearre, om’t it spotsje in moaie kear yn him hat. Rou en rûch rydt Emyl in caravanrace earne op it typyske Fryske plattelân. De sjogger sil net yn de earste opslach tinke oan noflik kampearjen mei in kommentaarstim, dy’t sa te hearren streekrjocht fan it plattelân wei komt.

Nei oanboazjende muzyk einiget de race yn in dwingerhôf fan auto- en caravanwrakken mei yn it fermidden de stoere Emyl, dy’t geryflik oan it barbecuen is. Dêrby skerpsinnich koartswyl fan it taffeltsje en it blomke om it foar it byld betinklik smûker te meitsjen. Dat smyt grif in glimlaits op by de skôgers. Dan wurdt ek al gau dúdlik dat de caravan alles te krijen hat mei kampearjen. Koartkriemd, in echte Fryske reklamespot fol mei kearen en kontrasten.

De Reklamekommisje 2018 hopet dan ek grif dat mear bedriuwen it Frysk brûke sille as unique sellingpoint!

It winnende spotsje bliuwt njonken de oare twa nominearre spotsjes te bewûnderjen op de hiemside www.fryskereklamepriis.frl.

juny 3, 2018 16:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.