Lêzing oer Tinco Lycklama yn de stêd fan de Perzen.

juny 23, 2018 13:50

Corien Vuurman njonken in foto fan it portret fan Tinco Lycklama yn Oriïntaalsk kostúm, by har lêzing yn it Ryksmuseum fan Aldheden yn Leiden

Tongerdeitejûn 28 juny begjint om 20:00 oere de lêzing ‘Tinco in de stad van de Perzen’. Sprekker is Dr. Corien Vuurman, foto- en kultuerhistoarikus.

Tinco Lycklama’s reis troch Perzië (Iran) en syn besite oan Persepolis wurde yn in kultuerhistoaryske kontekst delset. Dr. Vuurman fertelt oer it reizgjen yn it 19de iuwske Iran, dêr’t Tinco’s reis by ferlike wurdt mei dy fan oare Europeeske reizgers. Se giet ek yn op de Iraanske skiednis en kultuer. De lêzing wurdt stipe troch prachtich byldmateriaal: sawol tekeningen/gravueres as (iere) foto’s. Corien Vuurman promovearre op it proefskrift “Fascinatie voor Persepolis”. It Ryksmuseum fan Aldheden yn Leiden hie dêr oant en mei 6 maaie 2018 in útstalling oer.

It is de twadde fan de rige lêzingen op de tongersdeitejûn by de Tinco Lycklama Utstalling “Een Friese jonker in de Oriënt”, dy’t oant 9 septimber yn Beetstersweach te sjen is. Dêr wurdt it bysûndere ferhaal ferteld fan in sawat fergetten aadlike Fries, dy’t opgroeide yn Beetstersweach en as jonge man goed trije jier troch de Oriïnt reizge.

De lêzingen wurde elke wike holden. Underwerpen binne ûnder mear: de Fryske adel; it Oriïntalisme; Tinco in Syrië; Archeology fan it Heine Easten yn ‘e tiid fan Tinco. Sjoch foar it komplete programma fan de lêzingen op www.historischbeetsterzwaag.nl/lezingen. De lokaasje is it steatlik Lycklamahûs, it bertehûs fan Tinco. Bûten de lêzingen om is dat gebou foar publyk net tagonklik.

De lêzingen wurde organisearre troch Historisch Beetsterzwaag mei Cultbee yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018.

Lokaasje: Lycklamahûs, Haadstrjitte 80, 9244 CP Beetstersweach
Perioade: fan 21 juny oant en mei 30 augustus 2018 elke tongersdeitejûn.
Tiidstip: tongersdeitejûn om 20:00 oere; ûntfangst fan 19.30 oere ôf.
Yntree: 5 euro
Kaartferkeap: Foarferkeap online fia www.historischbeetsterzwaag.nl en oan de kassa fan de útstalling. Op de jûn sels ek by de kassa oan de seal.
It folsleine programma fan lêzingen is te finen op www.historischbeetsterzwaag.nl/lezingen

juny 23, 2018 13:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.