Kultuerfûns Fryslân stipet 27 kultuer- en natuerprojekten

juny 15, 2018 15:33

It Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân hat yn syn gearkomste fan juny oan 27 kultuer- en natuerprojekten yn de provinsje € 53.750 takend.

Media Art Friesland kriget in bydrage fan € 5.000 foar Light Challenge 2018, in ûntwerpwedstriid foar studinteteams oer it tema ferljochting. Op it Luna-festival wurde de ûntwerpen dy’t de studinteteams ûnder lieding fan in profesjonele keunstner makke hawwe, oan in grut publyk presintearre.

Fierder kriget de Stichting Stoereloer in bydrage fan € 3.500 foar it projekt SPONS! Yn de simmerfakânsje dogge teminsten fjouwerhûndert bern tusken de 6 en 13 jier út Ljouwert mei oan in workshopprogramma dêr’t mei ambachtslju/keunstners echte spûnskeunstwurken yn makke wurde. De wurken wurde yn ‘e hjerst op trije plakken yn de binnenstêd eksposearre.

Der is ek in bydrage fan € 2.500 takend oan De Oudheidkundige Vereniging Warkums Erfskip foar it weromsetten fan de Warkumer keamer yn it âlde monumintale stêdhûs te Warkum. De keamer is de bertekeamer fan de ferneamde keunstner Tjipke Visser. De bydrage is beskikber steld út it nije fûns op namme Kijlstra Smid.

Oer it Prins Bernhard Kultuerfûns
It Prins Bernhard Kultuerfûns is besiele pleitbesoarger fan kultuer, natuer en wittenskip yn Nederlân en dêrbûten. Mei finansjele bydragen, opdrachten, prizen en beurzen wurde bysûndere inisjativen en talint stimulearre. As ynspirator fan hjoeddeisk mesenaat jout it Prins Bernhard Kultuerfûns partikulieren, stiftingen en bedriuwen ûnôfhinklik en saakkundich advys oer filantropy. It Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân is ien fan de tolve provinsjale ôfdielingen.

Dit wie de twadde fan de fjouwer omgongen dêr’t it bestjoer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân jierliks bydragen yn takent. Dat bart ûnder foarsitterskip fan Kommissaris fan de Kening A.A.M. Brok.

juny 15, 2018 15:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.