KPN en de Omrop

juny 5, 2018 19:34

ôfbylding: Omrop Fryslân

It hat swier kealle, mar it keal mei der wêze!

KPN as selsstannich ynstitút kin en mei dwaan wat er wol om it publyk yn Nederlân wol of net tsjinsten te ferlienen. Yn it ferline wie de KPN ít ynstitút as it om de post gie. No binne der mear op ‘e merk fan it postbesoargjen. KPN seach de bui hingjen en begûn oare tsjinsten oan te bieden. Sa wurdt bygelyks tsjintwurdich fia de kabel en troch de loft ‘goud’ fertsjinne oan it trochjaan fan digitale sinjalen. Mar ek op dy merk binne der folle mear tsjinstferlieners as eartiids en it wurdt hieltyd dreger om noch wat te fertsjinjen – de konkurrinsje is aloan grutter wurden.

KPN jout yn in grut part fan Nederlân it digitale sinjaal fan radio en telefyzje troch fia de kabel. Wat mear klanten gebrûk meitsje fan dat sinjaal, wat better dat is foar de ponge fan KPN. De ‘lytse’ klanten fan KPN – de regionale omroppen yn Nederlân smieten eins net genôch jild op yn ’e eagen fan KPN. It trochstjoeren fan it sinjaal fan dy regionale stjoerders moast beheind wurde ta de ‘buorlju’ en dat betsjutte dat Omrop Fryslân allinnich noch mar yn de eigen en buorprovinsje te krijen wie.

Foar Friezen om Utens reden om yn ‘e pinne te klimmen; dat koe fansels net! KPN waard oanskreaun, mar ek de polityk, sawol provinsjaal as lanlik. Omrop Fryslân hat as regionale stjoerder in bysûndere posysje yn Omroplân. It is de omrop fan en foar de Friezen mei harren eigen taal en kultuer. It Frysk as twadde rykstaal fertsjinnet mei in eigen Omrop in stjoerder dy’t yn it hiele lân heard en sjoen wurde kin. Earder hat ZIGGO besocht om krekt sa’t KPN no woe, it sinjaal fan de regio-stjoerders te beheinen ta de ‘buorlju’. Mar dêr is doe ek aksje op ûndernommen, mei as resultaat, dat ZIGGO yn it hiele lân it sinjaal fan de Omrop trochjout.

De provinsje Fryslân is mei KPN om ’e tafel sitten gien. Deputearre Sietske Poepjes fan ûnder mear kultuer hat it foarinoar krige dat mei wat jild fan de provinsje KPN oer de brêge kommen is en no mei yngong fan 1 juny it sinjaal wer yn hiel Nederlân trochstjoert.

As Fries om Utens hie ik fansels fuortendaliks myn abonnemint by KPN opsizze moatten; ik hie ek fia ynternet de Omrop wol ynhelje kinnen. Mar: KPN hat eartiids net om ’e nocht de K fan Keninklik krige! It bedriuw moast mar ris sjen litte dat it derfoar alle Nederlanners is – dus ek foar Friezen en Friezen om Utens.

Hulde foar de Provinsje en de deputearre Sietske Poepjes, dy’t sa súntsjeswei it dochs mar foarinoar krige hat dat Omrop Fryslân wer yn hiele Nederlân te krijen is!

Troch: de skriuwer fan it FBoU

juny 5, 2018 19:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.