Konsert frouljuskoar Frominae op ECR Kening State 23 juny

juny 8, 2018 21:55

Sneon 23 juny is der om 15.30 oere op wensoarchlokaasje ECR Kening State in konsert fan it frouljuskoar Frominae. Bewenners en besikers binne tige wolkom.

Op it programma steane ûnder mear fan Felix Mendelssohn Bartholdy: Hebe deine Augen auf, fan Joseph Rheinberger: Abendlied en fan Vredeman de Vries: Pae om pae. It adres is Kening State 1 te Frjentsjer. De resepsje (088 328 0090) kin mear ynformaasje jaan.

Frominae is in mearstimmich klassyk frouljuskoar ûnder lieding fan Jannie de Groot. It is sûnt it 2015 aktyf en hat de Frjentsjer as thúsbasis. It koar organisearret yn oktober 2018 in útwikselingskonsert mei it frouljuskoar ChoryFeen út Sillenstede by Jever yn Dútslân. Frominae hat dit seizoen op ECR Kening State de sjongrepetysjes holden. 

ECR is in ûnderskiedende Nederlânske wensoarchorganisaasje mei 8 lokaasjes en 500 meiwurkers ferspraat oer Nederlân. ECR foarsjocht yn in unike kombinaasje fan wenjen, wolwêzen en soarch foar âlde minsken. ECR beskikt oer sawol wensoarchapparteminten mei ferskillende lúkse-nivo’s as soarchhotelstudio’s foar tydlik ferbliuw. By ECR kinne minsken, allinnich of mei partner, op Eigen Wize âlder wurde. Dêrtroch kin it libben trochgean sa’t se winskje. ECR hat lokaasjes yn ûnder mear Midden- en Eastlik Nederlân.
juny 8, 2018 21:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.