Kongres ‘Seks, zorg & plezier’

juny 23, 2018 14:03

It CSM (Consultatie Seksueel Misbruik) organisearret op woansdei 27 juny yn it ramt fan syn tweintichjierrich bestean in kongres ‘Seks, zorg & plezier’. Deifoarsitter is Judith Kreijne, bekend fan it telefyzjeprogramma ‘The Dateables’. Mei oare sprekkers giet se yn op de feroaringen en ûntwikkelingen yn de soarch op it mêd fan seksualiteit by minsken mei in (ferstanlike) beheining.

Foarljochting, help en begelieding
Yn de begjinjierren waard it CSM foaral ynskeakele by it ûnderkennen, besprekken en tefoaren kommen fan seksuele knoffeligens, seksueel grinskrusend hâlden en dragen en seksueel misbrûk by minsken mei in beheining. De lêste jierren is der folle mear romte en omtinken foar de positive en plezierige kant fan seksualiteit. Seksualiteit en it ûntdekken dêrfan hearre by it libben, ek by dat fan minsken mei in beheining. Dêrom kaam en is der hieltyd mear omtinken foar foarljochting, help en goede begelieding fan de kliïnt en fan syn omjouwing, lykas famylje, freonen en de skoalle. Oan de oare kant moatte de profesjonal ek leare om it hâlden en dragen fan de kliïnt te besprekken, yn te skatten en te beneamen. Wannear praat men oer seksueel sûn hâlden en dragen en wannear is dat seksueel grinskrusend? CSM hat dêr in dúdlike rol yn spile mei syn specifike kennis en ûnderfining op it mêd fan seksualiteit én minsken mei in beheining, lykas licht ferstanlike beheining, autisme, net-oanberne harsensskea, lichaamlike en sintúchlike beheining. Sy binne in klankboerd foar de profesjonals. Mar kliïnten of harren omjouwing witte it CSM ek te finen foar ynformaasje, ried of begelieding.

Takomst
CSM is en bliuwt yn Noard-Nederlân it sintrale punt foar fragen oer seksualiteit en seksueel grinskrusend hâlden en dragen by minsken mei in beheining. CSM stiet dan ek foar folle mear as allinnich seksueel misbrûk. It tweintichjierrich jubileum is dêrom in goed momint om de namme te feroarjen: de letters CSM steane tenei foar Centrum Seksualiteit MEE Noord.

juny 23, 2018 14:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.