Kim en Trump ûndertekenje akkoart

juny 12, 2018 08:59

Singapore (foto: pixabay.com)

De Amerikaanske presidint Trump en de Noard-Koreaanske lieder Kim hawwe yn Singapore de han set ûnder in akkoart. Yn de tekst kommittearret Noard-Korea him oan denukleärisaasje fan it Koreaanske skiereilân yn ruil foar feilichheidsgarânsjes, eat dat it lân earder al tasei. Der stiet ek yn dat beide lannen harren relaasje ferbetterje sille, om úteinlik frede op it skiereilân te bringen.

Trump sei by de ûndertekening dat it in tige wichtich en behoarlik wiidweidich dokumint is, en hie it oer in goede moeting. “Us relaasje mei Noard-Korea sil fan no ôf gâns oars wêze.” Neffens Trump hat er Kim kennen leard as in talintearre man dy’t fan syn lân hâldt. Trump sei dat Kim ek in útnûging temjitte sjen kin foar in moeting yn it Wite Hûs. Letter tiisdei jout de Amerikaanske presidint noch in parsekonferinsje.

Kim neamde it ek in wichtich dokumint. “De wrâld sil feroaring sjen.” Kim betanke Trump foar it mooglik meitsjen fan de moeting. Hy sei dat beide lannen it ferline efter har litte wolle. De twa hiene dêrfoar oerenlange petearen mei-inoar. De ynset fan de Feriene Steaten foar de top wie dat Noard-Korea syn kearnwapenprogramma opjout. Noard-Korea’s winsken binne feilichheidsgarânsjes, it opheffen fan sanksjes en ekonomyske ynvestearrings. Dêr soe, sa wurdt oannommen, no in yntinsjeferklearring foar tekene wêze.

juny 12, 2018 08:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.